De earms fan ús mem

[frije oersetting — wol in frekt frije oersetting, haw ik noed, want inkeld it opskrift mei noch wat lykje — fan Para os braços da minha mãe fan Pedro Abrunhosa]

‘k Kaam by de ein fan ‘e strjitte
Neat as legens temjitte
De wrâld waard my fierste wiid

En oars like er sa lyts
Want by ús heit op ’e fyts
Hie ’k oars nea brek oan piid

‘k Woe wol graach wer nei hûs
Hjir koe ’k minske noch mûs
Hurd tebek nei Bijke en Poes

Want hjir hie ’k myn nocht fan ôf …

‘k Woe wer werom
Nei de earms fan ús mem
‘k Wol wer werom
Nei de earms fan ús mem

‘k Siet in bytsje ferlern
Mank de razende bern
Op skoalle dy earste dei

‘k Wie amperoan fjouwer
En jit net sa’n rûchhouwer
’t Foel my om ‘e wearlich net mei

‘k Woe wol graach wer nei hûs
‘k Koe hjir minske noch mûs
Tebek nei Bijke en Poes

Want hjir hie ’k myn nocht fan ôf …

‘k Woe wer werom
Nei de earms fan ús mem
‘k Wol wer werom
Nei de earms fan ús mem

It diploma yn ’e klean
Soe ik it wurkpaad opgean
My foel neat mear te learen

Mar inkeld lear om ’e hakken
En gjin yl op earmtakken
Sa sûzje jin gau de earen

‘k Woe wol graach wer nei hûs
Fan my hold minske noch mûs
Och sa’n langst nei Bijke en Poes

Wolfergoed hie ik myn nocht …

‘k Woe wer werom
Nei de earms fan ús mem
‘k Wol wer werom
Nei de earms fan ús mem

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Piter Oranjeuse, Aurangia, Arausio, Suud-Gallia, De Bello.
    1e couplet, 2e rigel: neat âs legens Yn ‘E Mjitte.
    Couplèt 3. Ik would woll yeärne wer ney Hoes,
    Hiérre could Ik(!) —
    Heord wer-om) tobäck kinst sa ein’s nèt brûke.
    5. R. 3. ’t Foel my — nèt (ta) mei, rhymet up day.
    7. r. 2. soe(d) ik (dât) op gean. (op loss fon gean)
    Woll foàr goed (loss) hie(d) Ik my’n noaght.

    Ik would dâTst-û hjir wierst.
    Ik bin bliid dâTst-û hjir bist, beast.
    Sâltelânnen, Blöf uut Seelawn
    mei Stefanie Struuk?

    • Jaap Slager schreef:

      Wy hawwe hjirre Paulo Gonzo. Dy hat neffens my kwa lûd en kwa diksje in soad wei fan dy Sieuske sjonger dêr’tsto it oer hast.

  1. juni 20, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]