De duvel skyt op ‘e grutte bult en God jout sûnders de sucht de bult te ferearjen

Jeff Bezos, die dizze krante fan ’e wike te witten, is de earste minske (dat ‘minske’ moat der al by, tink, want oars reitsje wy op ’e doele, jsl) dy’t mear as 100 miljard dollar begrúske hat. Bezos bruts op 5 july 1994 syn baarch. Dêr rûgele trije ton út en dêrmei hat er doe út in garaazje yn Seattle wei online-boekhannel Amazon op prikken set. No hat er noch mar sa’n 80 miljoen oandielen Amazon (16 persint), mar sit er mei yn ’t bûn by ferskate ynternet- en hi-tech bedriuwen. En The Washington Post fansels, syn eigen krante.

Sa net, mar dat nijs is al wer efterhelle – want de mjitting wie op 9 febrewaris lêstlyn. Hjoed hat er al mear as 100 miljard yn euro’s. Bezos syn dofke woeks yn 2017 oan mei 39 miljard dollar – dat wie ek noch net earder fertoand – mar mei wat kloek wêzen en soberearjen giet er dêr fan ’t jier willich oerhinne. Wat Bezos foar de âlde dei oergarre hat is mear as it bnp fan sa’n 130 fan de 191 Feriene Naasjen’ lidsteaten.

Wy hawwe no 2.208 miljardêrs op ’e wrâld (of moat ik sizze, Bert: 2.208 miljardêrs hawwe ús?), dy’t mei-inoar 9.100 miljard dollar op ’e kant set hawwe, in pear sinten mear as it bnp fan Dútslân en Japan. Noch in setsje op ’e tosken bite en hja helje Sina ek noch yn. Har kapitaal dijde 18 persint yn 2017; dat it giet dat it slydjaget.

Oft Bezos ek de rykste sûnt minskewitten is, is tûzen om trettjin. It ferskeel tusken earm en ryk hat slimmer west. It kapitaal fan Henry Ford, dy’t auto’s fabrike, wurdt – omrekkene nei 2018 – rûsd op 200 miljard dollar en dat fan oaljeman David Rockefeller op 663 miljard.

Mar de rykste man dy’t der west hat wie kening Salomon (970-931 f.Kr.). Syn kapitaal wurdt roaid op 2.100 miljard dollar (dat hy hat yn dy 39 jier omtinken beklaud en beskuord, jsl). Krekte sifers ûntbrekke, mar in grut part fan it wrâldkapitaal lei destiids oppotte yn Jeruzalim.

Jild is net alles, wurdt lytse lju yndruid sûnt Salomon. Dat komt, Salomon wie, doe’t er foar it lêste anker lei, slim begerske fan alle spek op ’e latten en risselwearre:

‘Ik brocht grutte wurken ta stân, ik boude my huzen, ik plante my wyngerds; ik lei tunen oan en siertunen, en ik sette dêr alderhanne fruchtbeammen yn; ik makke my wetterfivers en hâld dêrmei in wâld fan grien beamte wiet; ik wûn tsjinstfeinten en –fammen, en hie myn eigen tsjinners yn ’e hûs, ik hold ek grutte keppels kij en skiep, folle mear as alle lju dy’t foar my te Jeruzalim wennen; ik fergearre my ek sulver en goud en de skatten fan ’e keningen en fan ’e goaen, ik bestelde my sjongers en sjongsters en de wielderichheden fan ’e minskebern: it beminde bywiif, ja ‘n smite bywiven.

En ik waard grut, al mar grutter, grutter as alle lju dy’t foar my te Jeruzalim wennen; ek bleau myn wizens by my. En alles wat myn eagen begearden ûntkearde ik har net, ik hold my it hert net werom fan iennige blydskip; want it hert wie my bliid fanwegen al myn arbeid, en dat wie teffens myn diel fan al myn arbeid. Doe kearde ik my nei alle wurken dy’t de eigen hannen my makke hiene, en nei wat ik al skreppende beärbeide hie – sjuch, it wie allegear idelens en in kwelling foar de geast, en it joech allegearre neat ûnder de sinne.

Dêrnei kearde ik my om en sjuch healwizens, ûnferstân en dwazens; ommers, wat sil de minske dy’t hjirnei komme mei, beävesearje? Itselde wat al dien is. En ik seach dat de wizens in soad foar hat by de dwazens, lykas it ljocht in soad foar hat by it tsjuster. De wize hat eagen yn ’e holle, mar de dwaas stoartelet yn it tsjuster. Mar ik seach ek dat ien en itselde lot har allegearre wjerfart. Dêrom sei ik by mysels: Itselde dat de dwaas wjerfart, sil my ek wjerfarre, en wêrfoar haw ik dan sa tige trachte nei wiisheid? Doe sei ik by mysels: Dat is ek idelens. Ommers, der sil op ’en doer likemin oantinken wêze fan ’e wize as fan ’e dwaas, om’t yn ’e dagen nei har skieden alles al lang fergetten is, en och, de wize stjert likegoed as de dwaas.

Sjuch, en dêrom hate ik it libben, want it wurk dat ûnder de sinne dien wurdt mishage my; it is ommers allegear idelens en in kwelling foar de geast. En allyksa hate ik alles wat ik beärbeide hie ûnder de sinne, om’t ik it efterlitte moast oan ’e minske dy’t nei my wêze sil. En wa sil sizze, oft dat in wize is of in dwaas? Lykwols sil hy ta syn foldwaan hawwe alles wat ik bepield haw en wat ik mei wizens wûn haw ûnder de sinne. Dat is ommers ek idelens.

Dêrom kearde ik my om en jou my it herte oer oan fertwiveling oer alles wat ik beärbeide hie ûnder de sinne. Want der binne rju dy’t har wurk dogge mei wizens, mei ferstân en mei bekwamens, en dochs moatte se it oerjaan ta in erfdiel oan immen dy’t der skeet noch dreet oan dien hat. Dat is ommers ek idelens en in grut kwea. Wat dochs hat in minske oan al syn arbeid en oan ’e muoite fan syn hert, likefolle wat er beärbeidet ûnder de sinne? Al syn dagen binne ommers smerten en syn bemuoienis is fertriet; sels by nacht rêst him it herte net. Dat is ek idelens.

Dêr is oars gjin goed foar de mins as dat er yt, drinkt en him de siel it goede genietsje lit yn syn arbeid. Ik haw sjoen dat soks ek fan Gods hân komt. Ommers, wa kin ite of genietsje bûten Him om? Want de minske dy’t goed is foar syn antlit, jout Er wizens, witnis en wille, mar de sûnder jout Er de sucht om te sammeljen en te ferearjen, dat it dêrnei jûn wurde mei oan him dy’t goed is foar Syn antlit. Dat is ek idelens en in divelommen kwelling foar de geast.’

Jeff Bezos is jit net ta dat besef kommen, tink, en de oare miljardêrs is sokke belullerij ek noch net húsriem by. Nin niget, Bezos is noch lang net oan de 2.000 miljard ta en boarst noch fan ’e nuttige plannen. De miljardêrs kinne foarearst ûnbehindere trochgean mei dwaan wat it moed har opjout, net ien sil har in mis wurd sizze.

De kleau wurdt grutter en djipper: de ekonoom Thomas Piketty stelde yn it krekt útkommene World Inequality Report fêst dat de duvel op ‘e bult fan de 7,6 miljoen rykste lju (0,1 persint fan ’e wrâldbefolking) likefolle skiten hat as op ‘e dongbult fan de 3,6 miljard earmelju (50 persint fan ’e wrâldbefolking). Op it stuit hat 1 persint 27 persint fan alle rikens yn. Dat sil – ceteris paribus – yn 2050 40 persint wêze.

Alteast, as de earme helte dêr foar dy tiid net skjin syn nocht fan hat en de revolúsje útbrekt.

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Begruuskje, gruizen, kruizemunttee, grúdzje, opruie, kruiend iis.
    Fonuut? Of uut ‘n graazje iin (indian chief) Seättle (Wash.) way.
    ‘t Kaptaal? The Washington Post heärt by stêd D.C. nèt ‘n steat.
    AAAF, A’dam afFordable Art Fair. Rothschild Ro’skilde Denmark
    Frankriik, fercoft Rembrândt’s Marten en Opium oan uus Lawn.
    King Solomon’s Mines. Twiveleftige yiérren en riikdommen f.0.
    Foàr null, of foàr Xp. Christos, èk ‘n Soan fon David. – Absalom
    foen ik ‘n moai ferhaal uut ‘e bibel. Schlomo en slemiel. Frede?
    Salam is salami-woàrst by ISis, islamoslimamoskeet, IsmaEll,
    Isfahan, Istamboel, Judas Iskariot, IsraELLE. ier ‘Mael beDuïn.’
    Be-gerskje, grassen, grouie? Ho, ‘n Joad hat gjin speck-wiime.
    Te rikkiën iin ‘e skoàrstién of skow. Hi beskriowt siin Paradiis,
    O hedon, isme Eden, Iduna mei ‘n kuorfoll Apels, Wepel, aqua.
    What Bezos oergarre hat,(comma) – – – de riikste mân die’t der
    west hat,(comma) – – -, ja,(comma) ‘n (apostrof) smite biwiven.
    Fergearre ig Garre. BanGorre (L’angelo’t), -gora, beorgh & stêd.
    You’re my Rockefeller iin ‘n liet 1970? iennige bliidskip innige?
    Dân iinlike, djippe. Oars, ‘enige’ is what, ien en oar oan blierens.
    Trachtsje nei wiishied? Oantnken fon of Omtinken foàr ‘n wise.
    ‘t Wörk dât dien (dene) wurdt,(comma) (mis)hage(t) mi (nèt)!
    Neylitte oan ‘n soan docht nèt sa sear. Mist neat, beast stoarn.
    Minne ûnder de sinne en/of de moànne? Preker mey idelens!
    Net omsjen, Eurydike, Riikje, ney ‘t deaderiik! Omkearde saak!
    Erf, rf – rr, ‘t hear oersjen, heärre, ingelsk heir, Duutsk Heerleger.
    Herédium oan ‘e Daam, ien die’t der gjin kloaten oan dien hat,
    ig gjin bibelske tale Kanaân’s. Ik kin it witte, com uut Suwôld!
    ‘n Smertlape if Friesk foàr ‘skaafplack’, mar oars wie ditte ien.
    Lânfâd, foud, heärreboer mei hiem, uut Fôd’s hân ite & drinke.
    Wisens, wittenskip, wille. Stefriim Blockearre. Kinness, noght.
    Homo sapièns mei beNull. Jeff mei besef. Savoir vivre – think.
    Niged fon nijichhied(en). Wie yiéld ‘t doel? Camen hje maklyk
    oan. WBill (reckon) Gätes lives to tell his ca(p)ttle. Steve Job’s
    died from cancer. I survived, not the fittest, rêgh-bonke-tumor.
    Piketty-peälltsjes fon ‘n nèt-kleauwige Thomas uut Frankriik?
    Wii heärre by de oare hellte, nèt-earmen. Binne nèt mear by de
    Ménsken iin 2050. Mutatis mutandis. As treast, altoos thans.
    Revolution, ‘n sang fon ‘e Beatles 50 ‘ier lyn, yier li’en. Marx.
    Gâstarbaid is Slavernij, nij. Godstsjinstwaansin is Opium fólk.
    ISis feroveret Joentiid’s Lawn fon PEgidA en AfD. islamisten
    IS ha iin ‘e Hage teyearre demonstrearre mei IS iinternasionaal
    Socialisme.nu bûten parlemint faxisme, agressivelingen dus.
    Uus Kruustochten wienen Herovering ôld kristlike gebieten
    Up Arabieren die’t har no Palestinen neame, gjin Filistinen.

  2. Jaap Slager schreef:

    Hahahahaha! In Joadske(!) kening hat gjin spek oan ‘e latten, seit Douwe. Dêr hie ik sa gau net op sind, doe’t ik it juster út in hynstekop sûgde. Douwe, jonge, dij ûntkomt neat! Myn fout, hear! Net de fout fan Bert. Mar ik lit it stean. Fierstente moai!

  3. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Mar ik lit it stean. – Fiérsten te moai!
    Moàst fout wêze âs trend, tiidgeast.
    Marten en Opium foàr ‘t Fólk 2 x 80
    Miljoen en Mondriaan 20 ‘ier lyn, 80
    Miljoen. Mayst up mear réageärje.?
    Where om “iennige bliidskip”, alinéa
    2 fon citaat Preker (?). Nèt Prediker.