De breid(staart)

Twa Haachske jonges, Eugène en Floris-Constantijn, sitte yn ´t kafee en hawwe it oansteande houlik fan Floris-Constantijn op it aljemint.
“Dat wurdt my wat, jonge,” sprekt lêstneamde wakker op, “in feest, hast it ninter sa sjoen! Alles is regele, alles sit yn syn krêft – de blommeboel, de tsjerke, dûmny, de weinen, de resepsje neitiid, de ringen, folle net genôch! En ik haw myn kostúm fan in skroar meitsje litten. Ik kom yn it swart, mei in krytstreekje.”
“En de taart?” freget Eugène.
“Dat wit ik net!” anderet Floris-Constantijn, “Hja komt yn it wyt, tink.”

Dit vind je misschien ook leuk...