De brân yn it gat
De beide freondinnen hiene in moai rabbelrûske yn, op ‘e ein fan de Jûn fan it Frouljusbûn. Hja namen inoar hecht yn ‘e earm en stapten op hûs ta. En ek frijwat oer de foet — hja ferkniepen har bytiden om it net út te skatterjen yn de nachtstille strjitsjes.
– Ik moat pisje as in weep, sei de ien.
– Ik ek, andere de oar. Mar wy kinne slim mei Aken en Keulen bleat hjirsa mank de huzen sitten gean. Wachtsje! Dêr is it tsjerkhôf, dêr is it tsjuster — dêr sjucht net ien ús en kriget ek net ien ús ûnferwachts by de kont.
– Dat is yn die tûzen om trettjin, gibele de oar. Dêr komt noch by dat dy’t dêr lizze de wapens al lang ynlevere hawwe.
Hja strûpten har de rokken op en mielden tusken de deastille grêven. De iene skuorde in stik lint fan in roukrâns ôf en fage har dêrmei skjin. De oare brûkte dêr har eigen slipke foar en smiet dat yn it jiskefet by de útgong.
Wakker op ’t skik en ferromme rûnen se it lêste stik nei hûs ta, winsken inoar wol te rêsten en gongen yn ‘e hûs.
De oare deis naam de iene buorman de oare geweken.
– Wy moatte ús froulju faaks in bytsje mear ûnder eagen hâlde, hear. Dy fan my kaam fannacht yn ‘e bleate kont thús.
– Jo hawwe neat te kleien, man! Dy fan my hie fan ‘e moarn in kaartsje yn ‘e reet mei de tekst ‘Do wiest en do bliuwst de alderbalderbêste! Wy sille dy nea ferjitte! It gânse brânspuitkorps‘
Reet, Gât — Kier tusken Hollânske Billen.
Reed, redens, Noaren, skätes Ingellawn.
HjE mielden, miigden, pissen âllinnigh …
Foàrbips Vulva non vagina hied yét hier?
Brânwacht, -spoit 11, corps muzikânten,
Brân iin A’daam, book fon Leen Schaap!
Tige moai ferhael