De boer moat sels de leie hawwe
Alle oerheidsregelematen plichtet er te ferfijen en te ferspijen as Haachsk ûnferstân
De boeredochter Carola Schouten is minister fan Lânbou, mar it hat der alles fan dat hja yn in sucht útwaakse sil ta de misdiebestrider fan it kabinet-Rutte III. Hja is skraach trije moanne oan it bewâld, mar fan ’e wike kaam al it tredde grutte fraude-affearen yn har sektor oan it ljocht. De boeren binne wakker slûchslim; as se de boel ferrifelje kinne, sille se it net litte. Net allegear fansels, mar al in protte.
Earst hiene wy de ‘dongfraude’ (ferhoalene ôfspraken tusken boeren en strontferfierders), doe de ‘bermfraude’ (it ûnderdúmkeswei naderjen fan gemeentegrûn) en no ha wy de ‘keallefraude’ op it aljemint. Fraude mei keallen draait om it rierrefoefke: in ko dy’t winliken al net mear sûnder keal is, bliuwt registrearre stean as in rier sûnder keal, sadat it liket dat minder kij in keal krige hawwe. Dat wurdt dien om’t foar in ko dy’t jit gjin keal krige hat, de fosfaatútstjit minder swier jildt, sadat de boer net sa gau oan syn fosfaattaks ta komt en op dy manear mear kij hâlde kin. Dat heart wakker yngewikkeld en dat is it ek. Fraude en tige gearstalde regeljouwing binne de hin en it aai fan ’e yllegalens, wy witte net hok earder wie.
Nederlân is fan âlds in lân fan boereminsken en fiskerlju en it binne krekt dy twa lagen dy’t gjin praat oer regeljouwing hearre wolle, oft it lân jit fan har is. Wy tinke by it wurd boer sûnt in jiermannich oan in glei nei in kandidaatboerinne gluorkjende greid- of bargeboer. Of oan fuotbaladepten dy’t harsels superboeren neame, alhoewol’t se noch net in geit melke kinne.
Dat hat allegear neat om ’e hakken. Ik haw earen in soad omslein op pleatsen en ik moat tajaan: in eigenwilliger skaai as it boerelaach is der net te finen. Alle oerheidsregelematen yn relaasje ta syn offysje wurde fan de boer ferfijd en ferspein as ûnferstân fan Haachske amtners: de wurden binne goed, mar de hin leit aaien. De boer is, allyk de fiskerman, yn ’e grûn in anargist dy’t yn syn wêzen litten wurde wol. Feroaret er him net om regels, dan sjucht er soks net as fraude, mar as in needsaaklike en legitime korreksje fan burokratyske aberraasjes.
It moaist is dat skaaimerk beskreaun fan de Frysk-Grinzer sjonger Meindert Talma. Op syn cd Kriebelvisje besjongt er op ûnferjitlike wize in boer út ’e krite Surhústerfean, Sibbele Hietkamp (de bonte hont) – de tekst is basearre op in fraachpetear mei de eigenwillige greidboer: Ik bin in âlderwetske boer/dy’t it allegear noch docht op de âlderwetske toer/[…] Foarhinne wie it boerelibben in frij libben/ mar hjoed-de-dei binne wy de wriuwpeal fan dy ferrekte amtners/ se skite ús ûnder/ se dogge mei it boerke wat se wolle. Boeren binne tsjintwurdich heechoplate ûndernimmers, mar altyd bliuwt in Sibbele Hietkamp ûnder de pet bewarre.
De lânbou-organisaasje LTO wie alhiel ferbjustere troch it bestean fan leden dy’t skyt oan de wet hiene. ‘Dat individuele boeren het systeem op deze manier konden flessen is nooit bij ons opgekomen’, sei in wurdfierder. It hiene gjin yndividuele boeren west dy’t op it idee foar de fraude kommen wiene, it wiene withoefolle tûzenen dy’t allegear persiis itselde diene – de hânlieding hie noch krekt net ien lang twa breed yn wykblêd Boerderij stien.
De fraude giet, de fraude komt. De pommeranten binne wakker ferbaldere en de minister sil fanwegenkomme. En Cees Buddingh dichte: de sinne komt op. de sinne giet ûnder. stadich telt de âlde boer him de nuten.
Ôlde en Neye Leye (Radiodoc Redder v.’t Bildts)
Jaachline sayst b’uus. Leiline is snoeide beam.
Âlle oerhiedsregelematen of dito régleminten?
Cäle keal, caèllen keällen. Rier ge,ho’runder(en)
Les extrèmes se touchent. VVD-boer & anargo.
Uus Marine, en Mafia, farre die oer bûtengréns.
Ik bin gjin fen fon M.Talma, Grenens te A’daam.
Hântlieding, ien lang, twa breed, comma siden.
Fonwegen komme los! C. Buddinga iin Friesk?