De befrijing fan Stiens
It ûndersteande direkte ferslach fan de befrijing fûn ik yn in âld opskriuwboekje fan ús mem. It jout neffens my in nijsgjirrich krekte sfearbeskriuwing fan de alteraasje, de ûnstjoer, de bolbjirkenens en it besleur yn dy emosjonele dagen, besjoen troch de heldere eagen fan in famke fan santjin. Ik haw it stikje oerset nei de hjoeddeiske stavering. Guon wurden koe ik net (goed) mear lêze. Dy haw ik tusken heakjes set, want ik kin har spitigernôch net mear freegje wat der stiet.
Snein, 15 april 1945
Us Pyt wie yn Nijegea. Om’t de tastân krityk wie, hiene wy him mar leaver thús. Dat freedtemoarn om healwei sânen wie ús mem op ’e fyts ôfset en helje him. De dei gie net stil foarby, want de Dútsers lieten it fleanfjild springe. It wie in almeugend bolderjen en dreunen en dat gie sa de hiele dei troch.
Tsjin seizen kaam ús mem thús, mei ús Pyt. Hja wiene allegearre binnenpaden by lâns fytst en ûntrin de Dútsers; om’t dy allegeduerigen fytsen naderje.
Hja fertelden ús dat der al wat bysûnders te rêden wie om’t de soldaten wakker oarderleas omtoarken. Yn Nijegea hiene de minsken net witten wat der om en ta gie, mar juster waard sein, de Ingelsen sieten al yn Drachten en yn Grou.
Ek juster noch wiene der hieltyd grutte ûntploffings op it fleanfjild. Justerjûn om healwei achten waard der út Ljouwert wei skille, dat it grut alarm wie en dat de Ingelsen foar de poarten fan Ljouwert stiene.
Dat joech in soad opskuor yn Stiens, foaral doe’t bliken die dat it wier wie. Want men leaude de dingen stadichoan net sa gau mear; der waard safolle sein.
Mar om it hurdsje hearde men ôfgryslike ploffen, lykas waard der sketten. Wy woene oan neat oars tinke as oan freugdeskotten fan de Tommys, mar doe’t wy op ’e brêge kamen, seagen wy it al oars; it wie in opslachplak foar munysje op it fleanfjild dat se springe lieten. Prachtich om te sjen wie dat. It duorre gâns foar’t it wer ophold.
Ynienen waard der roppen: “Dêr binne de Ingelsen!” Wy stoden dêr allegearre hinne en doe die bliken dat it fjouwer Dútsers wiene fan it Reade Krús. Hja wiene stean bleaun en bestudearje de kaart.
Fan ’e kant fan Ljouwert kamen noch in protte Dútske parasjutisten. De Reade Krússoldaten fregen wêr’t hja hinne giene. Hja anderen: “Nei de kust ta! En dan nei hûs!” “Dan geane wy mei!”, seine se fuort. En dêr gie it stel hinne.
Dat wiene de lêste Dútsers dy’t wy yn Stiens sjoen hawwe.
Wy moasten yn ’e besettingstiid om acht oere yn ’e hûs wêze, mar it is justerjûn al wat letter wurden; net ien hie sin om nei hûs ta.
Fannacht hawwe wy der geregeld efkes út west en sjuch nei de fûle brân dy’t der yn Ljouwert wie. Efternei die bliken dat it Oude Burger Weeshuis ôfbaarnd wie. De loft wie de gânse nacht read kleure.
Fan ’e moarn wiene de Tommys noch net yn Stiens, mar om healwei ienen … in auto en in motor mei de ûndergrûnske deryn, mei allegearre oranje.
Fan ’e middei gongen Jo en (Laury?) en ik nei Ljouwert ta om te sjen wat dêr te rêden wie; en dat wie witte folle! Der wiene smiten folk op ’en paad om nei Ljouwert ta. Underweis waard sein, de Dútsers wiene wer yn Ljouwert. Guon waarden doe kjel en woene werom. Mar wy wiene op ’e stap en woene no ek wat sjen!
Wy wiene by it Katolike sikehûs doe’t ús oandacht lutsen waard troch in pear hurd rinnende minsken. Wy fregen wat der te rêden wie. Hja fertelden dat der fergees sigretten foar manlju weijûn waarden, en sûkelade foar froulju. Wy dêrhinne, mar wer te let fansels!
Nei noch efkes wachte te hawwen binne wy doe de stêd yn gien. Op ’e omgong fan it sikehûs stiene noch al ferwûne Dútske soldaten. Hja soene ek wol gau ôfsette.
Yn ’e stêd wie in protte folk op ‘e lappen, want der soene Kanadeeske tanks foarby komme. Mar wat der ek kaam, gjin tanks! It begûn ús yn te baarnen, dat wy gongen wer fierder.
Yn ‘e Beetgumerstrjitte wie it rûch fan ‘e minsken, dat wy dêrhinne. Der waarden skotten lost en der wie gâns opskuor mank de mannichte. It die bliken dat der in pear NSB’ers ophelle waarden. Trije manlju, alhiel telider. Hja moasten mei de hannen yn ’e nekke rinne, mar der wie in âld bienbiterich mantsje by dy’t dat net koe en nei’t se him earst mei ’t gewear flink op it harnas jûn hiene, mocht er dan gewoan rinne. It begrutte my al wat om dat mantsje.
Yntiid wiene wy op ’e Nijstêd oankommen lyk foar it plysjeburo oer, dêr’t de NSB’ers en de moffelodskes opbrocht waarden. Dêr hawwe wy in hiel skoft stien en ik moat bekenne dat wy ús dêr skoan fermakke hawwe.
Pas letter fûn ik it goed besjoen skandalich, en dy metoaden net folle better as dy fan ’e Dútsers. Sa’t se dêre mei oranje flachjes en foto’s fan Hitler rinne moasten, en sa’t manlju lykas froulju tramtearre en ta’n it plysjeburo yn stompt en wâde waarden … Ik fûn it earst allegearre prachtich, hear, lykas alle minsken dy’t dêr stiene. Mar ja, dat kaam fansels ek fan ’e blidens – de minsken wiene allegear gek, de âlderein likegoed as de jongerein. Al dy jonges dy’t net mear thús hoegden te bliuwen. De âldelju dy’t net mear yn noed hoegden te sitten oft der Dútsers foarby komme soene.
Mar doe’t de earste betsjoening wat oer wie, begûnen de lju al nei te tinken, en de iene nei de oare skamme him eins – poerbêste minsken, dy’t it eins net sa bedoeld hiene. Mar ja, dy lju dy’t ús jonges ferret hiene … no, litte se dy mar ophingje, hear! Mij bêst! Dy’t net oars wol, dy’t net oars sil!
Moandei, 16 april 1945
By it lemieren fan ’e dei rieden de earste tanks troch de strjitten fan Stiens. De lêste tanks wiene de grutste en dy bleauwen stean foar de brêge.
Ik op in draaf nei hûs ta om myn boekje en in poatlead. De earste de bêste Kanadees joech ik myn boekje en it poatlead. Hy begriep fuort dat it my om hantekeningen te dwaan wie. Mar… wat in strop, de punt miste derôf! Dat wie my wat!
Immen út it omsteand laach [nl. K.K.?] hie in poatlead foar my, dat yn tank(!) oannommen waard. Ik haw yn in omsjoch acht krige. Mear koe net, want hja moasten wer fierder, nei Harns ta, dêr’t noch fochten waard.
Fan ’e middei haw ik noch in pear krige, mar doe bin ik mar opholden.
Tiisdei, 17 april 1945
Hjoed binne hjir wol in pear hûndert Kanadezen kommen en dy binne hjir in pear nachten bleaun, foar’t se nei Grins ta ôfsetten.
Ek op de pleats fan pake en beppe hawwe se ynkertiere west. Dy hawwe noch hiel wat mei de hearen belibbe, want der wiene fuort fammen dy’t der mar mei in Kanadees op út woene.
Letter waard dat noch folle slimmer en binne in soad warskôgings útgien, yn deiblêden en op it radio, nei de fammen en foaral de jonge famkes, dy’t sa ûnnoazel harren libben fersmieten. Famkes dy’t somtiden al keap joegen foar in stikje sûkelade of in pear sigretten foar har heit. Dy heiten sieten dêr neat net mei dat har dochters it mei Kanadezen holden, en tochten der, sa’t it skynt, fierder net by nei wat dêr efterwei komme koe.
Stiens, FRL, Snein 15, Moàndey 16, Tyesdey 17 April 1945.
Upslachplak (foàr muniisje), Dât hje springe lieten, may èk.
Nei Ljouwert ta OM te sjén hoe’t it stiét. SûkelaDe if Friesk. 2x
Nei wachte te havven,(comma) binn’ wi de stêd iin gongen.
Der wie ’n mântsje, DâT dât nèt koe. En nei’t hje him mei …
Polis, politike, en Plysje sûnder o. Moffelodske moai wörd.
Mar èk moai dât jim mem mei 17 yier sa’n begreotsjen hie.
[ntl.] -t-. Yn tank, iin thank oannommen, iin ‘e tänk, of tenk?
Ik hav (der) 8 kriege. Minder ‘der’ blinder, iin Friesk âs Holl.
Fonnemiddey may oan-‘n-oàrren, âs iin H. Hav ik (der) wer.
Trees hat of hie ’n Canadees, en letter jit ’n liitsen âllinnigh.
Tochten der,(!) sa’t it skiint,(!) nèt by NEi what dêr efterwei,
Jim Mem die nèt ûnder foàr ’n Anne Frank iin A’daam Holl.
Tank!
Sigretten, segretten sûnder a. 2x
Cigretten
Us mem skriuwde ’tiisdei, 17 april’ mar hat it yn de earste sin teffens al oer de dagen dêrnei. Hoe’t ús mem dat sa hân hat, wit ik net.
Hast goed en skerp opmurken. Mem skrEAU, skreo, nèt skriowde.
Hjoed, ’n pear nachten bleon, ha iinkertiere west. Letter … 17 Apr.
Hje skriowt op 15 April èk all fon: Pâs letter foen Ik … Die day’s èk.
Hje hat it grif nèt eärder oan tiid hawn of gjin puntesliper âs snein.
Foàr- en neitiid woàrd èk hiel what dien om segretten en sûkelade.
Wii dogge nèt mear oan smoken en Tony’s Chocolonely Slavefrei!
Wha wit is it folle letter skreon