Dauwes rjuchtdei
As men yn in ferkeard lichem te wrâld tein is, hat men soks geanswei wol foar de fernullen foar’t men de berneskuon útdocht, is ’t net sa! Ik woe mar sizze, ik bin dêr wer moai op ’e lette mei.
No haw ik altyd wol wat it gefoel hân, hear, dat myn inerlike âldens net earlik blaft mei myn uterlike. Oftewol, myn geastlike ûntwikkeling hat myn lichemsgroei net hielendal byskonkje kinnen — ik bin jimmer in lyts jonkje bleaun, mar haw wilens al it bealchsein fan in lânrôle.
Dat hie syn foardielen, sa net; ik waard fan lju dy’t net hielendal suver ûnder ’t festje wiene, om mar wat te neamen, oer ’t ginneraal wol yn myn wêzen litten.
Mar no’t it groubonkige bynt begjint te kreakjen, giet de aardichheid der hurd ôf! Ik haw noed dat de baten net mear tsjin ’e beswierren út kinne. Ik kin fergemy de iene poat suver net mear foar de oare krije, man! Om it mar net iens te hawwen oer it yn ’e bocht gean.
Ferline wike liet ik noch gnyskjend Dauwe op it platte gat oer de estriken flier falle …
Hin? Nee, allinnich op papier, ju. No net sa raar!
Mar, noch gjin fjouwerentweintich oere letter lei ik sels oer de flier.
Men seit leaver net fan jinsels dat men op ’e efterholle fallen is. Soks is wakker min, sa’t it skynt. No, it domste moat no al fan my ôf wêze, want ik bin gewaarwurden dat op ’e foarholle falle noch helte slimmer is. It knapte deroer, man! Alhoewol’t dat efternei besjoen in estrik west hawwe moat, ek al seach men dêr neitiid gjin barst fan.
Alhoewol, ‘helte slimmer’?
Maria moat it noch folle slimmer foar west hawwe, want hja seach my al it bloed oer it antlit streamen. It wie ien bloed en allegearre bloed. Soks sjucht men sels — lokkigernôch! — net.
It wie sa …
Maria hie it jûnsiten al op ’e tafel set. Dat dizze jonge soe hurd efkes in flesse wyn helje. Mar, om’t ús hûs min ofte mear yn ’e berchhelling útdold is, is it allenduvels op- en ôfstapkes, sjuch. En it gong mis by sa’n opstapke.
De glêzen yn ’e hannen en de flesse wite wyn ûnder de earm fergeat ik yn myn gleonhastigens efkes dat ik de skonken troch de artroaze net mear withoeheech tille kin. Dat ik stroffele … En ja, wat docht men, as men in flesse fan dat kossele focht ûnder de earm hat?
Just, Jehannes, dat beskermet men mei jins libben — better de kop te barsten, as de wyn bedoarn, no!
No, ik moast it hast mei myn libben bekeapje … en mei bloed betelje. Jaap oer de flier, wyn oer de flier, bloed oer de flier …
Hin? Pleechsuster?
Ja sa, Pleegzuster Bloedwijn! Ja, ik haw ’m, hahaha. Ja, sa wie it al sawat!
Toe mar, ek wer behimmele en berêden.
Mei dat al is it my no wol dúdlik … ik bin yn it ferkearde lichem te wrâld tein.
Fergemy fergeef mi. Ferjau mi, mij. Jaan, joegh, joen.
Fergee’s, om, foàr neat, gratis. No päy. is Hollânsk …
Daalk’s, dadelyk, “died” fuort en drektst.
Aansten, aanstonds. Oansteande skielk.
EstriKKen flier. Ostracisme skerve-rioght.
Ostrakon basis. Baduhenna.frl stiénnen!
24 oere(n) letter? 3 wike-n? of 3 wieken?
Ik Sizz, Wii sizze, M’n sayt leävver nèt: vv.
Up ‘e foàrhólle fâllen wêze maye, yeärne.
Ôlde bolle-jaier, -fioghter. Beja Hoekstra! Tribuna Alentejo T.
Plataforma para la Abolición de la Tauromaquia en España
Tejo.pt Tago.es.sp CarThago Barçalona Hannibal Hamilcar