Dauwe fon der Meulen

Ik ken de man net, mar ik haw mei ferrin fan tiid al foar de fernullen krige, dat ús wetters net altyd ien wei út rinne, benammen op it politike mêd net. Mar dat hoecht ek net, soks hat men no ienkear yn in dimmekrasy. Dy’t dêr net oer kin, kin him mar better nei wenjen sette yn in totalitêre steat.
Wat foar my likewol stiet as in daampeal, is dat de man in ôfgryslik protte witnis fan it Frysk hat en – wat foar my jitte swierder waacht – in grutte leafde foar ús sprake. Dy leafde soe withoefolle folgers fan ’e FB-siden Fryske Taal en Fryslân en de Fryske taal ta eksimpel strekke kinne. Dat docht it spitigernôch net. It sil wol in tiidsferskynsel wêze, tink, dat alle man en wrâld opinoar delsjucht as in dokter op de dea en alle foarm fan krityk beskôget as in skandalige oanfal op himsels (yn stee fan mooglik learsum). Begrutlik is dat, dat aloan mear lju sa’t it skynt fine dat se alles al witte, it net op ’e hûd hawwe en lear noch wat by, allegearre miene dat har ûle in falk is en eltsenien blokkearret dy’t it goed mient en dêr’t se wat fan leare kinne soene. En sa giet ús memmetaal nei beppe kelder.
Mar it giet derom, hoe oft er it seit, lês ik dan. Ja, hear, it is skoof en skande, weten pykje!

Hawar, ik sil ophâlde, want it komt my ynienen yn ’t sin dat ik dêr alris in stikje oan wijd haw – ûnder de titel Nederfrysk as it my net mist.
Boppedat sil ik mei dit sizzen grif in smite folk op it sear komme en fan withoefolle fuort blokkearre wurde. O, wat sil ik dêrmei sitte …

😉

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    ‘Avare, it is nèt ûnbemurken bleon.
    ’n foàrm fon hyperkorreksje, think.