Dat ‘s myn ferzje
[oersetting fan Collin Raye syn That’s my story]
Ik kaam deryn en de sinne wie al op
Hja gloep my oan oer har kofjekop
Se sei ‘Wêr hasto west?’, dat ik besinne my rêd:
‘’k Wie yn ’e tún en foel yn sliep op it luchtbêd.’
‘Do witst it jitte net, heite, mar no hast dy fersein.’
‘No, dat ‘s myn ferzje en dy hâld ik oerein!’
Dat ‘s myn ferzje
O, dat ‘s myn ferzje
Ik haw net in tsjûge, want net ien hat by my lein
Mar dat ‘s myn ferzje en dy hâld ik oerein!’
Hja joech my sa’n loaits fan ‘No ha ‘k dy oan ’e hoek!’
Se koe myn troanje lêze as de foarkant fan in boek
‘Ferwachtsje no mar net dat ik dyn lulpraat leau
Dat bêd wie lêsten lek doe’t ik ‘t by de jiske treau!’
Ik waard mei-iens sa bleek as in skylfisk op it strân
Mar sei: ‘Dat ‘s myn ferzje en d-dy hâld ik yn stân!’
Dat ‘s myn ferzje (eftergrûn: dat ‘s myn ferzje)
Dat ‘s myn ferzje (eftergrûn: dat ‘s myn ferzje)
Ik haw net in tsjûge, want net ien hat by my lein
Mar dat ‘s myn ferzje en dat hâld ik oerein!’
[sprutsen yntermezzo]
In wiis man wit hoenear’t it tiid is
en sjuch har nei d’ eagen,
smeekje om genede en sjuch
de wierheid ûnder eagen
‘‘k Wie mei maten op ‘e flitter, skat, mar alleman wie fint
ik swar it by ús mem, net in frommis wie presint
‘k Wit ’k hie dy skilje kind en dat spyt my al tige
mar ’k hie dêr gjin berik, sjuch, wêrom soe ik dêrom lige
Do witst dochs datst myn alles bist, dat ha ’k sa dikmels sein
Dat is de hiele wierheid en dat hâld ik oerein!’
Dat ‘s myn ferzje (eftergrûn: dat ‘s myn ferzje)
Dat ‘s myn ferzje (eftergrûn: dat ‘s myn ferzje)
Do wolst my faaks net leauwe, want dyn antlit stiet nei rein
Mar dat ‘s myn ferzje en dy hâld ik oerein!
Ik doch neat tsjin dyn sin, leave, want dat hie ik ferspein
En dat ‘s myn ferzje en dy hâld ik oerein!’
Ik hie winliken kar-út tusken stoarje, lêzing, útlis en ferzje, (en grif noch wol mear), mar it woe my oan dat de lêste it bêste paste.