Dalje
Be careful what you wish for
Nuver, sei ik earjuster tsjin Sytze, nea of te ninter in reaksje op myn
stikjes, de opstutsen tomkes fan dij net meirekkene fansels.
Oft de duvel dermei spile, krige ik ynienen in stoarm fan reaksjes. Net hielendal
it soarte dat ik yn ´e holle hie doe´t ik it ferskynsel by Sytze op it rabat
brocht 😊, mar… toe mar! Ik sil dat net bringe
op ´e sekularisearre kalvinistyske lânaard, want dat jaget alle sinneskyn fuort
wer út ´e hûs, no.
Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen
Earjuster besocht ik wakker boartlik en snjiddich te wêzen troch in Bibeltekst
in bytsje te ferbasterjen, mei de ûndertitel “Neat nijs ûnder de sinne”.
Ommers, yn ´e lette Midsiuwen hiene wy de tsierderij tusken de Hoeken en de
Kabbeljauwen yn ´e lege lannen, op it heden de tsierderij tusken Spanje en it
Nederlân. Mar lit ús yn ´e goedichheid hoopje dat it lêstneamde konflikt
diskear gjin tachtich jier duorret. 😉
Jild
Doe´t Spanje okkerdeis om Jeropeeske solidêrens (= jild op it kleed) frege, wiene Hoekstra-en-dy fan… Kleef. En doe fleach Spaanske Sánchez, dy´t ik om de parallelly mar efkes omdoopt hie ta “bacalao” (= kabbeljau), de kop op oranje. Dat is te sizzen, wol op oranje mar net earlik Va-ha-han Nassauwe!
Hoekstra syn foargonger hie in fiif jier lyn it Súd-Jeropeeske folksdiel alris lykslein mei sûpers en leechrinders dy´t yn ´e froulju omheisterje. En dy nivellearjende Hollânske dompergeast hat him ûnderwilens sa´t skynt in bytsje útwreide.
“Alle Menschen werden Brüder”
Earst waard my it
mannewaar opsein fan in stalke, in Hoekstra: “Alle Hoekstra´s, Jaap?” No nee, allinnich
Wopke-en-dy fansels. Ik hie wol sizze kinnen “de Ruttes”, mar dan wie it ferbân
mei de tefoarneamde Tsierderijen… hawar, ik haw de pols sa´t skynt wat te
fier set, “zo eerlijk moet je dan gewoon zijn!”
En ja, doe folgen der mear, mei it mês dwers yn ´e bek! Want, as der jild op it
kleed komme moat, dan komt erflik en ivich – op it ferfeelsume ôf – dat Hollânske
fingerke wer omheech mei dy fabel fan De la Fontaine oer de mychammel en it
imerke.
“Alle Menschen werden Brüder” – ja, as it mar neat kostet. Want yn dat gefal
meie “alle Menschen” deafalle, letterlik!
Fetfol tsjinstridigens
In oare telch fan de manmachtige famylje Hoekstra, dy´t sa´t skynt ek noch ferbinings
hat mei it slachte Nietzsche, levere my it bewiis dat de bibel in fetfol
tsjinstridigens is, lykas de Jeropeeske Uny.
It ferskeel is, tink, dat alle tsjinstridigens yn ´e bibel oan withoefolle mear
lju it libben koste hat. Mar, dat wol de “Uny” net op him sitte litte – de tiid
fan Jeropeeske mienriedigens en solidêrens is ommers amperoan foarby, de oarloch
kwealk wer begûn.
Fryslân en de Hollânske Taal
O ja, en doe wie der ek noch ien dy´t ornearre dat in stikje fan my yn it
Ingelsk op de side Fryslân en de Fryske Taal paste as kul yn Kike. Moai,
net!
Jawis, it wie mij ek al opfallen, hear, dat op dy side meast ABN skreaun wurdt…
Watsei? Gjin ABN? Mear bargedútsk?
Dat koe wol, hear!
Hawar, my tocht dat it Ingelsk fan âlds mear mei it Frysk te krijen hat as it
Hollânsk, mar dêr wol ik mis mei wêze. Der wurdt yn alle gefallen lebendich
krewearre en draai dat om, moat ik tajaan – “zo eerlijk moet je dan gewoon zijn!”
“Links”
Mar doe kamen de pipen út ´e sek. De kleier mocht de teneur fan myn stikje net lije – dêr siet it him oan. Want, te links…
Watsei?
Ja, guon kenne it ferskeel tusken links en lofts net, sjuch – ik kin it ek net helpe.
Hawar, it moat fierders al in sekuer broekje wêze, want iksels koe net fine wat er bedoelde. Of it moat wêze dat ik skreaun hie dat Trump en ik… ehh, ik en Trump in soad faninoar wei hawwe. Binne dat loftse praatsjes?
Minskesoan
Us Dauwe woe okkerwyks al hawwe dat Trump de Minskesoan is. Hahaha!
Och, lit my dan dit stikje ek mar beslute mei noch in pear Bibelteksten. Dan kriget men yn alle gefallen reaksjes 😊
Matt 24:4-5 – En Jezus andere en sei tsjin harren: Tink derom, dat net ien jim op ´e doele bringt! Want der sille guon ûnder myn namme komme dy´t sizze “Ik bin de Minskesoan!” en dy sille mannichten ferliede.
Of Matt 24:23-24, 40-41.
Recente reacties