Camel flitter
Heu omke Pyt,
It eigenaardige is altyd, as ik moarns myn kuierke meitsje of op myn manear de Vuelta de España fyts, sis ik alle klapsketen by mysels: Dat of dat kin ik wol oan Pyt en Froukje skriuwe, mar… at it dan wêze sil, is it in spultsje fan: Wat wie dat no ek mar wer?
Hawar, wy hawwe mekoar fan ´e wike ommers by it tillefoan hân, dat it rûchste is wol bepraat, tink. It kin wat lije.
Omke sei dat it spitich is dat ik it no pas yn it snotsje krige haw, dat der wol jild te fertsjinjen is mei myn talekennis. Ja, dêr hat omke wol wat by de ein. Ik haw noed dat soks foar it grutste part myn eigen skuld is. Ik haw altyd wakker heech by lju opsjoen dy´t kinne wat ik net kin. Lju dy´t bygelyks wakker doel hawwe oer auto´s, of oer kompjûters of oer jildsaken en belestingen. En, ja, dat dizze jonge withoefolle talen koe, wie fansels wol moai, mar…. wat hat men dêr yn ´e goedichheid oan!?
Mar goed, it wichtichste is no fansels, dat ik it der wakker besteld mei bin. It is in hûdfol wurk en set tûzenen sintsjes oer nei it Ingelsk, mar ik fyn it prachtich, en ik krij der teffens tûzenen sintsjes foar werom! Al nuver, net, dat men wakker feringele wêze kin mei in bealchfol wurk en in online skriuwmasine. It skeelt fansels dat ik nea net sa´n sosjaal dier west haw. Dat is it ferskeel tusken Maria en my – ik moat der fan en ta út, oars ferhongerje wy; Maria moat der altemets út, oars wurdt se gek.
Foar´t ik it ferjit – dat sil Froukje wol moai fine! – Maria skuort alle dagen wol fiif tomaten fan in beamke by ús yn ´e tún dat hielendal net pland wie – lit stean fan plante. Maria smiet yn dy hoeke geregeld in amerfol wetter del dat se yn ´e keuken opheind hie (men is sunich mei wetter yn Portugal, sjuch). No, dêr hawwe nei alle tinken ris wat tomatepitsjes by sitten, by dat wetter, want wy hawwe no alle dagen tomateslaad by it iten. Moai, net!?
Wêr wie´k…
O ja, dat wie wol moai fan ´e wike. Hja diene de earste LQA. Dy ôfkoarting stiet foar Language Quality Assessment, wol ik leauwe, in soarte fan kontrôle oft ús oersettingen wol troch de mesken kinne. Wat tocht omke? Hie dizze jonge in skoare fan 98%. Wol omke dat wol leauwe? En dan te betinken dat it Ingelsk hielendal net myn memmetaal is…
No ja, dut is fansels wer praat op ´e kant om fan ús Jaap, want dat wit omke ommers as gjin oar! Hok myn memmetaal is, bedoel ik.
Omke Pyt wie fan ´e wike nammers net botte te sprekken oer myn mandewurd “Ja, it rint op ´e non mei de wrâld!” fernaam ik wol, doe´t omke it miljeu yn ´e midden brocht. Krekt oft omke it wat in deadwaner fûn en him tocht dat ik it ûnderwerp net serieus naam. Mar, dat doch ik wol, hear! Mar omke moat mar sa tinke: Wat in foarrjucht dat wy de ein fan ´e wrâld meimeitsje meie!
Hin?
Ja, foar de jongerein is it minder fansels. Dat is wier. Mar, hja hawwe dan letter wol wat te fertellen oan harren pake- en beppesizzerkes: “De ein fan ´e wrâld, jonges, dat wie my wat!”
O, kin dat net, neffens omke? Is dat mei-inoar yn tsjinspraak? Och, omke, mar de hiele wrâld is dochs ien grutte tsjinspraak! Wy smoare bygelyks yn it plestik, mar…. dogge wy der wat oan? Wy skeakelje nei in oar kanaal oer, sa fan: Ja, dat witte wy no wol! En de droegens! Brek my de bek net iepen! It gie juster en fannacht al wer need yn Portugal mei brân. En wer yn ´e omkriten fan Castelo Branco fansels. It fjoer ûntstie justermiddei op fiif(!) plakken tagelyk. No, dan witst it wol, tink! Hokfoar minsken binne dat yn ´e goedichheid? 125 deaden twa jier lyn hjir yn Portugal en dan dochs…
No ja, lit ús der mar oer ophâlde!
Ik sit hjir mei de doarren en finsterlûken ticht en dochs is it noch 32,9 graden yn ´e hûs. Yn Hollân soene se wol krimmenearje, haha! Mar, it is no ienkear sa – it bern is der, it moat ret wurde.
Niiskrekt, hie ik it lûk al efkes op: “Wat is dat foar leven dêr bûtendoar!?” Stie Maria yn ´e tún, mei in grutte hammer te wramen!
No, ha wy de hichte! Meitsje datst dêr fuortkomste, fanke, is it dy yn ´e plasse slein? Kinst der wol wat fan krije, ju!
Ik bedoel, bûtendoar kin men yn´e sinne wol in aaike bakke. Seit it smoarge fanke: “Falt wol wat ta, leave! Ik stean yn it skaad fan ´e olivebeam!”
Soest har net!?
No´t wy it dochs oer de opkringende desertifikaasje hawwe, komt my ynienen al in ferhaaltsje yn it sin. Ik haw it omke nei alle tinken alris ferteld, mar… toe mar!
Rydt in keardel op syn kamiel troch de Sahara. Oerdeis gong it wol, mar nachts kamen der wolris djoeiske gefoelens by him op. Ja, wat wolst – it wie in jongkeardel! Sûnder erch siet er op in stuit in ferske te núnderjen dat Stephen Stills hast fyftich jier lyn skreaun hat: If you can´t be with the one you love, love the one you´re with – wat safolle sizze wol as: Ast net bist by dyjinge dêr´tst fan hâldst, hâld dan fan dyjinge dêr´tst by bist.
Hy seach syn kamiel ris op en del oan en tocht him: Dat moat mar net wêze!
Mar nei in pear trochwekke nachten beseach er dy twa bulten al mei oare eagen… mei gleone eagen, sil ik dy fertelle.
Ja, ho, ik haw omke ommers al sein: it wie in jongkeardel. En dy moatte fan en ta ris fan ´e kruk – dat is no ienkear net oars!
Dat op in jûn krige er dy kamiel by de kont en… hy koe der net by.
Mar no kaam it sa út dat er in lyts krukje by him hie. Dat, om it no mar rûch te sizzen, as er fan ´e kruk woe, moast er earst op ´e kruk. Lykwols, krekt op it stuit dat er boppe op it krukje stie en him it himd al omheech die, die syn kamiel in stapke nei foaren. Hy besocht it nochris, en nochris, mar hieltiten, op it moment suprême, die dy smoarge kamiel in stapke nei foaren, sa fan: Wat ha wy no oan ´e kont te hingjen?
De oare deis seagen hja ynienen in stofwolk oan ´e – oars tige kleare – kimen. Dy stofwolk kaam hieltiten tichterby en makke ek frijwat leven. Dy wolk waard op it lêst in wolken fan in frommis, efter it stjoer fan in iepen sportwein. En, oft de deale der mei spile, doe´t hja oan dy keardel op syn kamiel ta wie, hold de motor der mei op.
Tafal of net, hja trof it al, want dy jongkeardel hie doel oer auto´s, sjuch. Nammers ek wol oer kompjûters en oer jildsaken en belestingen, mar… dêr gong it no net om. Dat hy hie dy wein samar wer klear! Hy sloech de motorkape del en knikte it frommiske freonlik ta: Hja koe wer fierder. No, dat frommiske wie wakker yn´e bladeren fansels. Of leaver, dy wolken wie wakker yn ´e wolken, mei har prins op in wyt… eh, wite kamiel. Wat se foar him dwaan koe en betankje him? Hja woe alles wol foar him dwaan, sei se.
Hy krige in kleur, want der wie niis al efkes in ideeke by him opkommen.
Alles, frege er.
Hja kaam him ûnder de azem en lústere heas: Alles!
Hy waard gleon om ´e holle. It frommiske hie ek in pear grutte bulten, mar… net earlik op ´e rêch. En om´t it waar frijwat switterich wie, hie se sa wol meidwaan kinnen oan de Wet T-shirt Contest. Men soe der sels hast wiet fan wurde.
No, dat waard dy jongkeardel ek. Dat hy teach de dryste skuon oan en joech utering oan it ideeke dat niiskrekt al by him opkommen wie…
“Soene jo dy kamiel dan efkes foar my beethâlde wolle?”
Sa, omke Pyt, is it dochs noch in hiel ferhaal wurden. Ik sil wer fierder mei myn oersetterij.
Leafs,
Jaap en Maria
’t Eigenaardige … it giét om ’t haadwörd, nèt om ’t lidwörd.
3 puntsjes loss fon lêste wörd en fólgjende, sells iin-gripe.
Aksje F/olle nèt genoag. F/olle lok en seine iin ’t Ney Yier.
Folle leafs” ig gjin Frieske tradiisje, mar oerset Hollâwnsk.
Folle mear en better’ kinne woll. Net folle, folle net” kin ek.
Sa folle, like folle en die combinaasjes.
Doe’t Omke ’t(!) miljeu iin ‘e midden brochT(!)
Dea’dogger. iin ‘e Mândewörd gemeenplaats,
Clishee-uutdrucking, -tale, locus communis.
Bliid mei neys oer deserti-ficatiö, Sahari- of
Kalaharifikaasje, forwoestining. Nee, Maria,
gjin dessert. En ’t mei sin bosk-baarnen dêr.
Californië if forlikeber, iin 1975 all iin Suud-
Frankriik, doe’t ik dêre up fer-kânsje wier …
Castelo Branco oan ‘e Rio Zezere? Dêr’t ik
iin swom (deade wall, Fergif) iin 2010 nei
de Gitane-merk mei ’n ea Poalske Gosia …
(…) Hôld dân fon ‘e iénge, dêr’tst by beast …
De lêste “jonGkearel” misst ’n -g- iin, Jaap.
White Castle iin ‘e bulten jage. A’daam ek!
Doe’t Omke ’t(!) miljeu iin ‘e midden brochT(!)
Dea’dogger. iin ‘e Mândewörd gemeenplaats,
Clishee-uutdrucking, -tale, locus communis.
Bliid mei neys oer deserti-ficatiö, Sahari- of
Kalaharifikaasje, forwoestining. Nee, Maria,
gjin dessert. En ’t mei sin bosk-baarnen dêr.
Californië if forlikeber, iin 1975 all iin Suud-
Frankriik, doe’t ik dêre up fer-kânsje wier …
Castelo Branco oan ‘e Rio Zezere? Dêr’t ik
iin swom (deade wall, Fergif) iin 2010 nei
de Gitane-merk mei ’n ea Poalske Gosia …
Dât wier yn Pedrao Grande by Stau, brêge.
(…) Hôld dân fon ‘e iénge, dêr’tst by beast …
De lêste “jonGkearel” misst ’n -g- iin, Jaap.
White Castle iin ‘e bulten jage. A’daam ek!
Doe’t Omke ’t miljeu iin ‘e midden brochT.
De lêste “jonGkeardel” misst ’n -g- iin, juh.
Ik baal wer fon ‘e ûnbetrouberens hiérre.
Miin 15 rigels commintaar fuort smiten.
Doe’t Omke ‘t(!) miljeu iin ‘e midden brochT(!)
Dea’dogger. iin ‘e Mândewörd gemeenplaats,
Clishee-uutdrucking, -tale, locus communis.
Bliid mei neys oer deserti-ficatiö, Sahari- of
Kalaharifikaasje, forwoestining. Nee, Maria,
gjin dessert. En ‘t mei sin bosk-baarnen dêr.
Californië if forlikeber, iin 1975 all iin Suud-
Frankriik, doe’t ik dêre up fer-kânsje wier …
Castelo Branco oan ‘e Rio Zezere? Dêr’t ik
iin swom (deade wall, Fergif) iin 2010 nei
de Gitane-merk mei ‘n ea Poalske Gosia …
Dât wier yn Pedrao Grande by Stau, brêge.
(…) Hôld dân fon ‘e iénge, dêr’tst by beast …
De lêste “jonGkearel” misst ‘n -g- iin, Jaap.
White Castle iin ‘e bulten jage. A’daam ek!
Oh, your comment is awaiting moderation.
Dât, dân is it whiilst nèt sightber, to sjean.
En now’t it iin ‘e Lege Lawnen 40 graden is
En iin Beja, AlenTejo iin Portugal yét mear.