Bywurking fan Viagra

No ju, dat wie okkerdeis ek wat…
Oan ‘e Algarve wie der in âldman yn syn strânstoel yn poepeslom bedobbe rekke.

Doe’t er lang om let ûntwekke, wied er fansels moai fan ‘e sinne tebaarnd wurden, benammen justjes boppe de knibbels. It bearde sa mâl, hy rekke nei it sikehûs!
Dêr waard twaddegraads ferbaarning fêststeld. Dokter skreau foar, hy moast oan ‘e drip, mei sâltoplossing en elektroliten. Boppedat moast er wat foar de pine ha, sei dokter, en… Viagra!
Hoe no, seach de haadferpleechster ferheard op, is dokter wierliken fan betinken dat Viagra oan ‘e pesjint syn sûnens te’n goede komme sil!?
Dat net fuort, andere dokter droechwei, mar it hâldt him grif de tekkenboel fan ‘e knibbels!

Dit vind je misschien ook leuk...