By Warkum om
In stel dat al moai op jierren is, gastet út by in oar stel. As it miel beslikke is, sette de froulju ôf nei de keuken om ôf te waskjen en kofje te setten. De manlju sitte by de tafel te droechpraten.
Seit de ien: ‘Justerjûn ha wy te tsjûkiten west bij in nij restaurant. En dêr hat it ús mâle skoan foldien, sil ik dy fertelle.’
‘O ja, jonge? Wat is de namme fan dat restaurant?’
De man sit in skoft op dy fraach om te stinnen en prakketinken. Lang om let freget er: ‘Wat is de namme fan dat fûgeltsje ek mar wer? Witst ommers wol — sa´n grien fûgeltsje mei in giel kopke. Toe ju, dat fûgeltsje dat sa moai sjonge kin. ‘
‘Bedoelst altemets in syske?’
‘Just Jehannes, dat is him’, anderet de âldman. Dan draait er him om nei de keuken en balt: ‘Syske, wat is de namme fan dat restaurant ek mar wer, dêr´t wy juster te iten west hawwe?’
Recente reacties