Bûtensprongen

Wy binne wat fierder yn ´e tiid. Hollân is opgongen yn it Grut Flaamsk Blok en it sil op in oarlogjen. Benammen mei Fryslân, dat him yntiids fan it blok oan ´e foet losmakke hat.
Dat der moat kanonnefleis komme. Sa seit minister-presidint Bidet it net op it tillefyzjenijs, mar it komt der al op del.

“Hast dat heard, fanke?” freget Haachske Harrie syn wiif. “Húshâldens mei fjouwer bern krije fuortoan trijetûzen gûne yn ´e moanne fan it regear. Dat wurdt in moaie ynstruiïng foar ús.”

“Wat bisto in sipel! Hoe krigest it yn ´e plasse? Wy hawwe ommers mar trije bern, ju!”

“Kenst it lytse jonkje fan har fan nûmer 11?”

“Ja, wat is dêr mei?”

“No net fuort lilk wurde, mar dat is der ien fan my… Toe ju, net sa mâl! Stean no foar reden! Trijetûzen pegels yn ´e moanne — wat soene wy dêr net fan dwaan kinne! Lit dat ris yn dy omgean! Hawar, do kinst heech springe en do kinst leech springe, mar ik helje dat jonkje op en it is tenei alle moannen stryk-yn-´t-laadsje foar ús. En dêrmei út!”

In goed oere letter is Haachske Harrie werom mei syn lyts jonkje fan nûmer 11 by de hân. Mar hy sjucht wakker ferbouwerearre om him hinne as er deryn komt.

“Wêr binne ús bern, ju?”

“No net fuort lilk wurde, mar… har heiten hiene it nijs ek sjoen.”

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. augustus 13, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]