Burn-out – ús op ien nei grutste kado

Partij lju dy’t besocht binne mei in burn-out, sizze neitiid withoefaak: Soks winsket men jins slimste fijân noch net ta!

Krektoarsom, soe ik sizze, soks moat men jins sibben en freonen ta ha wolle…
Wêrom?
No, it hat gâns eigenskip dat der yn ús bestean eat net earlik yn oarder is as wy mei soks fan dwaan krije – there’s something rotten in the borough! En ik bin fan betinken dat ús mei ús tebaarnd wêzen, mei ús Zusammenbruch de mooglikens bean wurdt ta in tuskentiidske evaluaasje en rekalibraasje fan ús libben – op it lêst ús alderbaldergrutste presint!
It bestean is ommers in kar-út fan mooglikheden. Dêrom kin men fan tinken wol ha, dat der altemets in misse set dien wurdt. Sa fergrieme wy bygelyks withoefolle tiid mei dingen dy’t goed besjoen net wichtich foar ús binne. Of wy sitte ûnwollens oanklaud mei lju dy’t gjin skop foar de kloaten wurdich binne. Of… likefolle wat!

Dêrom is ús burn-out neffens mij by better besjen in gouden en lêste(?) kâns en skied ienris en foargoed de weet fan it strie. Mar, as wy yn dy snuorje ús trekken net waarnimme en net besykje rjucht te meitsjen wat krûm is, ja dan… dan steane wy fansels op in dûbele kâns en kom hjir ûnder oan krapperein.

Dit vind je misschien ook leuk...