Boppe har teewetter

Tee is hiel ferkeard guod, kaam ik okkerdeis efter …

Ik kaam dy jûns om in oere as twa thús. Myn sydsulver hie by myn ôfwêzigens ta de tee sitten en wie poerrazend.
My mankearde neat, want ik hie yn ‘e herberch in stikmannich sliepmûtskes hân — dat ik wie sa kalm as in pûn moal.
Hja net! Moartsje en oangean as in wyld, sil ik dy fertelle. It like my de baas en gean mar op bêd.

Mar de oare moarns stie it sin har jitte ferkeard — prottelje en raar guod opjaan as wie ‘t noch sa.
Doe’t se dy middeis lang om let wat yn ‘e bedarring kaam, miende ik dat wy wer yn ferdrach mei-inoar prate koene. Dat ik rette har út goederbêstens dat se net wer safolle sterke tee brûke moast.
Wer mis! Hja ûntplofte …

Dat sis ik: tee is hiel ferkeard spul. Bearenburch, dat is in behâld!

You may also like...

3 Responses

  1. D.f.d.Meulen seit:

    ‘t Ôldste berop. Begreotlyk.
    Beare-burch gjin tusken-n-, formiel.
    Leafde o’er-wint âlles, Beja.

  2. Jaap Slager seit:

    Is dat sa, Daue, skriuwt men Beareburch sûnder -n-? Sjuch, dat wist ik net.

  1. septimber 20, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]