Vrienden van Bekkema

Ik sil besykje, Dauwe, dy it ‘grutte skeel’ koart te beskriuwen en dan hâld ik deroer op, want de koal is ‘t fet net wurdich …

Ferline wike wie ik by dy groep kommen, mei it babbelegûchje dat op dat webstee noch it geefste Frysk skreaun waard. Dat se fuort mar foar it ferstân hiene dat dizze grapmakker der wat mei kin, no. 😉 Juster krige ik in (sabeare?) snútslach fan de baas fan ‘t spul, in Anne Bekkema, dy’t ha woe dat ik ‘al diverse keren’ warskôge wie dat ik net in blog op dat webstee sette mocht – ‘een ongeschreven regel’.

Dat wie in leagen fan dy bekkert. Ik wie mar ienris warskôge, fan ien dy’t himsels (fuort dêrnei al) net steurde oan ‘e sabeare ‘ongeschreven’ regels dêr’t er mei op ‘e lappen kommen wie. Dat my tocht: ‘Bokwerder humor, net? Se wolle dizze nijkommeling efkes hifkje, even door de mosterd veteren of zowatheen. Ik moat grif noch wenne!’
Dat no’t ik dat ‘diverse keren’ om ‘e earen krige, soe ik dy snútbokken op myn bar mei de gek beslaan. Dat ‘diverse’ fan ien út Drachten wei wie ommers te moai en lit it rinne. Dat waard dus ‘(di)verse broodjesvreter’, no. Likegoed helle ik fuort myn link fan ‘e side, lykas ik nammers ôfrûne wike al dien hie, doe’t ik jit miende dat it earnstich bedoeld wie (wat ek sa wie, sa’t it no liket, allinnich… hawar, dat haw ik dy krekt útlein).

Dy skelnamme foar Drachtsters koed er de humor net fan sjen, leau ik efterôf – myn irony hat syn útfallen, sjuch. Hawar, foar’t ik yn ‘e gaten hie wat der krekt te rêden wie, wie ik al út ‘e groep soadedondere. Hja kinne de namme better omstaverje nei Vrienden van Bekkert Bekkema, leau ik.
Sa’t ik sei, net hielendal yn ‘e geast fan ‘e geastlike heit fan Bokwerd. It sil mei horror vacui te krijen ha, tink, mar dan foar it vacuum yn harsels. 😉 Rink sels hie nammers alris sein dat er syn nocht der wat fan ôf hie doedestiids, fan dat Bokwerds. It wie wat in foefke, seid er, oars net.
Likefolle, klear!

Dit vind je misschien ook leuk...