Boereferstânkrisis
‘Der is hielendal gjin yntegraasjeprobleem. Der is in akseptaasjeprobleem!’
Mei dat sizzen rekke de jonge neffens my oan it seare steed. Want yn it ramt fan it ‘wullie zullie’- tinken – om mar efkes in Hollânske term te lienen – leit de fout út soarte by ‘zullie’. Sadree’t in Poal ja en – foaral – nee sizze kin, is er ien fan ús. Hy kin ek in misstap dwaan. Mar, om’t de measte misdiedigers wyt hier en blauwe eagen hawwe, falt dat net op. ‘Moat kinne!’
Mar as immen mei swart hier en brune eagen, waans famylje al sûnt de ynkwisysje yn ’e Nederlannen wennet, rottichheid útheeft, binne de rapen gear. Dan is it fuort in ´kutmarokkaan’ en is der ynienen in nasjonaal yntegraasjeprobleem. ‘Sjuch, dy swarte dy’t dêr foarbyfljucht, heart der ek by. It soe mij gjin nij dwaan as dy skûter net iens fan him ís!’
In ynsidint – hoefolle geweld dêr ek mei mank giet – is fansels net fuort in nasjonaal probleem. Elkenien mei boereferstân kin dat neikomme. Mar it kin de potintaten wol goed útkomme om it sa ôf te bearen en lied de oandacht wat ôf fan de wiere nasjonale problemen. Want it folk – foaral as it wyt hier en blauwe eagen hat – rint dêr massaal yn. ‘Der moat in parlemintêre enkête komme, blinder! (Wat dêr – oer withoefolle tiid – útkomt, hâlde wy dan wol ûnder de pet.)’
Yn Portugal is dat net oars, hear.
De nasjonale sûnenssoarch bygelyks, dy’t fergees is, rint al jierren út it spoar. It iene regear foar it oare nei is der glêd mei oan.
Is dat in probleem fan ‘wullie’. Bist raar? ‘Daar hebb’n wij het volgende op gevond’n,’ soe Van Vliet sein hawwe. Fan ’e wike hiet it ynienen dat der withoefolle swiere froulju út Pakistan wei ynflein wurde om hjir de pels út te skodzjen en fergees fjouwer dagen yn it sikehús te lizzen.
Leauwe jimme it?
Mar moai wis dat it foar swiete koeke opnommen wurdt. Dat sis ik, wy hawwe in ynternasjonaal boereferstânprobleem!
Hoe’t ik hjir opkom?
No, der wie lêsten in ôfgryslik ynsidint tusken fuotbalsupporters yn Amsterdam. Om’t der frijwat Amsterdammers mei swart hier op skûters by belutsen wiene, wie it fuort klear. Der waard op slach skerme mei swiere wurden as ‘yntegraasjeprobleem’ en ‘Joadehaat’.
Joadehaat? Hahaha!
It gong om hooligans – ik lien mar wer efkes in Hollânske term, want ik wit net oft wy dêr yn Fryslân al in wurd foar hawwe – fan in fuotbalklup út in joadske steat en hooligans fan in joadske klup yn Amsterdam. Dat… Joadehaat? Hoe krije se it yn ’e plasse?
Sa net, ik kin my foarstelle dat der in soad frustraasje is oer de bloedige oarloch dy’t it regear fan Israel yn de Gazastripe fiert. Mar men kin dy frustraasje net op likefolle wa ôfreagearje, troch alle ynwenners fan in lân ferantwurdlik te hâlden foar it belied fan har fassistysk regear, en dêrmei lyk te skeakeljen – dat is wier.
Men kin alle ynwenners fan ’e Nederlannen ommers ek net fuort fassist neame, wol?
Recente reacties