Boazumer mjitte

Us soan is moarn fiifentweintich jier troud. Soks bringt in heit yn ´e mimer wei. It sil my bygelyks nea ferjitte dat ik him meinaam nei it kaffee foar syn earste boarrel …

Wolle jim wol leauwe … hy woe der net in bek op sette.
Dat ik haw sinent ek mar leechnommen. Doe kaam my yn ´t sin, dat er altemets in Sonnemaman wie. Mar nee, dy woed er ek net. Dat doe´t ik dy leech hie, liet ik de kastlein de flesse Boomsma útskinke. Wer mis! Ik mei de lege romers nei de taapkast en wiisde de flesse mei Joustra oan. Mar ho mar! Hy koe it net rûke al wie it noch sa.
Wachtsje ris, ús soan wie in bierdrinker – dat moast it wêze!
Mar nee, hy luts de mûle al yn ´e fâlden doe´t ik him it glês foarhold. Wat koe ik oars dwaan, as sinent mar wer útsûpe.
Ik wik jim, dat ik net mear wit hoe´t ik de bernewein wer thúsbrocht haw.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. mei 21, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]