Blauwe Fedde
Foar ús Nynke, dy’t hjoed har jierdei hat:
Now get your kicks … at age 66!
It lytse famke wûn op in jûntiid foar it stek fan it grutte tsjerkhôf om. Hja hie it op ‘e simmels, want se woe stomme graach nei hûs ta, nei har heit en mem. Mar lofts fan har wie in bouput mei in baas sket derfoar en rjuchts wie de strjitte opbrutsen en ôffrede fan it enerzjybedriuw.
Hoe no te rie?
Hommels en dwers stie der in witte lange man foar it famke oer, mei in kleur as in krante en frijwat snústerich yn ‘e klean.
– Wat is deroan, leave?
– Ik wol nei hûs ta, menear, snokkere it lytse famke, mar ik doar it tsjerkhôf net oer no´t de dage fan ‘e loft is.
– Sit mar net yn noed, fanke, hear! Ik rin wol efkes mei dy op. Krij my mar by de hân.
It famke krige de man, dy’t sa meager wie as … as … no, lit ús mar sizze, it fet siet him net yn ‘e wei, by de hân. Dy kloer wie stienkâld en neat as fel en bonken. Sa pesjantelen se tegearre it hôf oer.
Doe’t se healwei wiene klonk ynienen de lûde rop fan in ferburgen tsjerkûle. It famke krûpte stiif tsjin ‘e man oan. Hy lake. Syn skelle lûd hie in aaklike wjerklang tusken de sombere tsjerkemuorren en de grêfstiennen.
– Jout neat, leave, hear, seid er, ik hie it ek nea net sa op tsjerkhôven doe’t ik jit yn wêzen wie.
Recente reacties