Bin ik no sa tûk of …

Ja, dat is wier: ik haw nea botte tûk west. Dy slach is jimme!
En it betteret ek net. Watte? It wurdt wat langer wat minder.

Mar al dy protesten en hege wurden tsjin it regear, dat it ‘faksisten’ binne en ‘diktators’, dêre begrypt dizze jonge skeet noch dreet fan. Want, is it net de ferantwurdlikens fan in oerheid en hâld by in ramp de feiligens en sûnens fan ‘e befolking foar eagen. Dus dat in regear by in pandemy de minne gefolgen foar de folkssûnens mei regels op it mêd fan it yndividewele hâlden en dragen yn ‘e stokken hâlde wol, dat kin de slûchste oelewapper neffens my noch wol neikomme.

As de lju dy’t net om lyk wolle, inkeld harsels dêrmei ha soene … no, alla! Mar nee, sa leit it lân net!
Dêrfandinne dat ik my ôffreegje: binne dy lju net rjucht kouster, of wat? Doge se wol, of is der by harren ien fan ‘e fiif op ‘e kuier?
Dêrom net, it meastepart fan dy roppers en razers wit nei myn bestek net iens wat faksisme en diktatuer ynhat.
De âlderein sit grif noch wat fan yn ‘e holle, dat mei it ferplichtsjen fan de autogurdle dy wurden ek in skoft net fan ‘e loft wiene. En de jongerein, doe’t it smoken yn iepenbiere gebouwen ferbean waard.

Hawar, wy moatte in bytsje omstean leare, hear! Is it net foar ússels, dan foar de oar. Wy moatte rekken hâlde mei-inoar. En as dat betsjut dat men jin in bytsje oanpasse moat, dan is dat mar sa.
Sa hoaste ik yn ‘t ferline altyd efkes mei’t ik teglûp ôfblaze koe; op ‘t heden blaas ik ôf mei’t ik temûk hoastje kin.
Ik woe mar sizze: as it net kin sa’t it moat, sa moat it mar sa’t it kin.

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Wii moàtte reckon hôlde mei ‘n-oàrr-en. Loss!
    Wii krije it foàr-‘n-oàrren mei-‘n-oàrr-en. Fêst?
    Âs it nèt kin sa’t it moàt, Dân moàt it mar sa’t it kin.
    Dêrefondinne” daar-vandaan, if Friesk Dêrom.

    • Jaap Slager schreef:

      Moatst fuort op ‘e lappen komme, ast wolst dat ik wat feroarje – net in wike neitiid.
      Mar efkes wat oars. Wolsto mei dyn assosjative brein ris efkes yn dy omgean litte wat de titel fan myn oersetting skielk wurde moat? Arsène Lupin, Gentleman Cambrioleur haw ik no – yn poatlead – fan makke: Arsène Lupin, oplichter van eer. Of tinkt it dy better en lit it gewoan sa stean: Arsène Lupin, gentlemaninbreker. Dêrom net, de titel wie my altyd yn ‘e holle hingjen bleaun as: Arsène Lupin, Maître Cambrioleur. Nuver, net?