Bin ik no sa snoad of…
Ik sil wol wer wat doms sizze, hear, mar… as de FS en it FK it konflikt wierliken sa graach de-eskalearje wolle, wêrom skeaten se dy droans fan Israel fannacht dan net út ‘e loft, lykas se fan ‘e wike mei dy fan Iran diene?
Sterker noch, wêrom sjitte se alle droans en raketten net út ‘e loft dy’t in grins oer komme, at dat sa’n lyts keunstke is? Foar de wrâldfrede soe dat in moai stik bûter yn ‘e brij wêze. Hja witte beneistenby wol wêr oft dy dingen te ferwachtsjen binne.
Mar goed, dizze Unnoazelsma hat net allinnich gjin doel oer polityk, de wittenskip kin ik ek net mear folgje. Of moat ik sizze: De wittenskip kin mij net mear folgje?
Doe’t ik lêsten lies dat der withoefolle stikjes mikroplestik yn iten en drinken sitte, en ek yn ‘e lucht dy’t wy ynazemje, begriep dut ûnferstân fuortynienen dat dy rommel op dy manear yn ‘e hierfetsjes fan ús organen telâne komt – harsens, luchtwegen ensafuorthinne.
Hin?
Ja, as jo de harsens op dat plak hawwe… dan is it nin niget dat jo safolle fan dy blauwe piltsjes fanneden binne!
Mar no komt it…
No lies ik hjoed dat wittenskipslju de bek iepenfoel no’t se troch de wei fan proeven mei mûzen fêststelden dat dy stikjes mikroplestik net beheind bliuwe ta it spiisfertarringskanaal.
Doe foel mij de bek ek iepen, want ik-sei-de-gek hie hielendal gjin sike mûzen of rotten fanneden hân en kom ta dy konklúzje.
Recente reacties