Bin ik no sa dom of…
Wat ûnkrekter wat moaier
Ja, roppe jim al yn koar, noch foar´t ik de titel goed en wol ôfbreide haw, hahaha.
Mar wier, bytiden wit ik it net mear. Ik jou grif ta dat der in snuorje west hat dat men suver wee yn it liif waard fan ´e politike krektens, mar op it heden lykje wy in rite te hawwen fan: wat polityk ûnkrekter wat moaier. Is it tsjintwurdich ferbean en brûk jins harsens noch, of is it langer net fertroud en jou in besonken oardiel?
Keti koti
Jawis, 1 july 1863 is in tige wichtige dei wat de ôfskaffing fan ´e Nederlânske slavernij oanbelanget – alteast, foar West-Ynje (East-Ynje moast noch in foech heale iuw wachtsje foar´t it safier wie). En, jawis, doe wiene der jit withoefolle Hollanners dy´t dêr poer op tsjin wiene, want it wie “dochs sa´n moaie tradysje” (en fral lukratyf). Mar dat goed hûndertfyftich(!) jier neitiid noch hieltiten kloften folk yn ´e ears hingje en weevje ôf mei de (hooplik lêste) resten fan ús slavernijferline, dat giet my boppe it befettingsfermogen. As it ferstân mei de jierren komt, dan bin ik de útsûndering op dy regel, tink.
Wa ken him net
As boatflechtling yn Portegal miende ik kreas en sûnder kantroeren by dy sjitfuorgenoarloch lâns te fytsen. In oarloch sûnder ein, om´t de tsierende partijen allinnich nei de miening yn ´e eigen fuorge harkje. Dat, fan in útwikseling fan arguminten komt neat op ´e hispel. Alteast, net dat makket. It is alsa mear in “rinfuorgenoarloch”. Likefolle, oarloch is it!
Dat doe´t 5 desimber 2019 op ´e kalinder trochskrast wurde koe, luts dizze jonge in sucht op: A vida é bela!
Mar ik wie te gau. Fan ´e wike stie der ynienen kunde oan ´e doar, út Hollân wei. En ja, dy brocht de boargeroarloch op it rabat.
Freed de trettjinde
Hawar, my tocht: faaks bin ik no yn ´e talis en krij ris wat arguminten op it kleed – men wit nea hoe´t in ko in hazze fangt!
No, wie it antwurd, it is sa´n moaie tradysje, no. Foar de lytse bern, kaam der efteroan.
Grapke, tink? Nee, blinder, it wie sereneus bedoeld, sa’t it skynt!
Toe ju, wat hawwe bern no mei tradysje fan dwaan? Alles is ommers noch glandernij foar har!
It echtpear wiksele in loaits fan ferstânhâlding en… swijde.
De kwestje is neffens my, oft men jins bern en berns bern yn har teare jierren deselde foute waanideeën mei de dêroan ferbûne eangsten yn ´e mage splisse wolle as dêr´t men sels doedestiids mei opskipe wurden is. En neitiid, in pear jier letter, it plichtmjittige geëamel oer gelikensens, tink.
Swijers binne gjin praters
Mis fansels! Earlik is earlik, hja koene duvekers swije. It kin ek wêze dat harren argumintaasje al útiten wie. Likefolle, hja holden har diakens en seagen skean by my wei. Ik moat dochs ris in kursus kommunikaasje folgje, leau ik.
Binne jim bygefal katelyk, frege ik noch (sj. myn bloch oer ferdraachsumens fan okkerwyks).
Nee, se wiene net katelyk, glimken se fyntsjes.
In dei (of twa) earder hie ik Friezen oer de flier hân – doe prate it as in alk.
Wêr meitsje wy ús drok om
Doe´t ik de doar efter it heechmoedige pear ticht treau, moast ik tinke oan in kammeraat út Ingelân. Us wetters rinne suver nea ien wei út, mar dêr kin ik teminsten noflik op gelikense foet mei hakketakje oer fan alles en noch wat, sûnder yn tsjûk waar te fersilen. De jûns tefoar hie ik him fia e-post lokwinske mei de winst fan syn partij en mei it feit dat de Brútstap no it oergearkommen noch mar is.
´t Koe better, andere er, de kanker is werom kommen. Diskear net-operabel. ´k Sil takom wike fan ´e streek mei gemo en sawathinne. Sorry fan de domper!
Noflike krystdagen!
Wer in moaie kollum! Kin ek yn NF. Noflike hjeldagen en in sûn 2020! En skriuwe mar …
Kalma wol ‘yn ‘e talis’ brûke en no stiet it der wer!
Ek sa!