Bibelboek Prediker – Relativiteitsteory I.0

In Joadske(!) kening hat gjin spek op ‘e deizen, reagearre Douwe op myn stikje fan juster. Hahaha, dêr hie ik sa gau net op sind, doe’t ik it juster út in hynstekop sûgde. Douwe, jonge, dij ûntkomt neat! Myn fout, hear! Net de fout fan Bert. Mar ik lit it stean. Fierstente moai!

Ik sis wol ‘myn stikje’, mar it wie fansels in frije oersetting, sa’t der teffens altyd boppe stiet, fan Berts stikje juster yn ’e Volkskrant. Krekt juster wie de oersetting – geunstich ferwurde – wol alderbalderdivelommen frij. Dat komt, Bert is bytiden wat in siferneuker, sjuch. En it wie by him juster ien sifers, allegearre sifers. Dat ik haw syn tekst wat weisifere en it stik út it bibelboek De Prediker – itjinge yn Berts kollum mar in pear rigeltsjes besloech – in skyteintsje fan neat útwreide. Nim my net kwea ôf!

Ik wit it al … Kening Salomon hie sa skjin syn nocht fan alle bargeguod op ‘e droechlatten, dat hy hat yn syn deapauwen noch gau in wet útfeardige Baarch is Ban, dy’t oant hjoed de dei ta jitte net ôfskaft is. Wie it sa net, Douwe?
Is fuort ek dúdlik wêrom’t Joaden gjin bargefleis ite. Wêrom’t mohammedanen dat net ite, haw ik, wol my oan, alris útlein yn in stikje oer myn stalke Djibrilla (= Gabriël).

Dêrom net, it kaam my ûnder it skriuwen juster hommels yn ’t sin dat myn stikje Berterjucht fan 4 febrewaris lêstlyn in billike oplossing biedt foar Salomons probleem. By immens ferstjerren ferfalle al syn ierdske saken oan ’e steat – of better, komme op ’e rûchskerne by my op ’t hiem – en dy bult wurdt neitiid yn likense partsjes ferdield oer myn folk – sibben en freonen earst, dat seit himsels.
Ik sil aansens myn gironûmer efkes trochdwaan – help my ûnthâlden.

‘Gjin kloaten’ kin net troch de Suwâldster mesken, murk ús eabele Kanaänyt Douwe ek noch op. Ik kom sels út Mantgum, dat ik wol beslist gjin spul. Ik haw it hurd feroare yn ‘skeet noch dreet’. Ik hâld my de lea stikken.

Goed besjoen wie it bibelboek De Prediker de alderearste Relativiteitsteory, is ‘t net sa. Einstein hat it ferhaal inkeld wat opgnist en by de tiid(!) brocht.
Likefolle, dat hie dy âld Joad – Salomon bedoel ik no – net ôffallen, tink, dat er al sûnt tûzenen jierren jimmeroan op ‘e trom is. Hoesa, ‘der sil op ’en doer likemin oantinken wêze fan ’e wize as fan ’e dwaas, om’t yn ’e dagen nei har skieden alles al lang fergetten is’?
Trijetûzen jier, blinder. Dat moat Albert noch mar ferbiidzje.
Wy sille sjen … of net.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    ‘n iKoaning. Soegje, soege, ha soege uut ‘n hiinstecop.
    Fon Bert SiiN stickje iin ‘e, de Fólkskrânte. De Preeker.
    Dea-pau? Bauje mei sturt omheegh stowe troch lawn.
    Baumontsje-wipsteort. Spinpoatsje foàr’tst all stoarn
    beast. Bargje ib bah, Jappy! Upstalke? Marechaussee.
    Up ‘e Skerne Wiebe Siddert Gautema. Jiskepôle, com-
    post-heap. Upstalsboom. Koasjer en Hallal is it èk nèt.
    Hydreck, ydridze, ydreet, ydrinke. Biidzje, ouwachtsje.