As it mei dizze faasje trochgiet sil in gleone loaits mei gauwens fiere ta publike eksekúsje

Michael Fallon, Britsk minister fan Definsje en parlemintariër foar it froede Sevenoaks yn Kent, lei fyftjin jier ferlyn de hân op ’e knibbel fan ferslachjouwer Julia Hartley-Brewer. It die him foar ûnder it Konservative partijkongres yn Bournemouth fan 2002, hja sieten njonkeninoar by it jûnsbrochje. Hartley-Brewer sei dat se Fallon in trewinkel jaan soe as er dêr net fuort mei ophold, en doe bea Fallon syn ûntskuldiging oan. Hy soe it net wer dwaan – alteast net by Hartley-Brewer (dat lêste sei er der net by).

No is Fallon fan syn ministersit ôfgien: Kneegate-Fallon koe premier May net belove dat der net mear affearen fan net-winske seksueel kontaktsykjen nei bûten komme soene, dat hy koe oppakke. Syn hâlden en dragen, seid er, foldie net oan de ‘hege standert fan de kriichsmacht’ – in nuodlik sizzen, want de kâns is lyts dat yn it Britske leger it folle oars omhear giet as yn it Nederlânske.
Hartley-Brewer, presintatrise fan in deistich radioprogramma, ferklearre dat as it wierliken sa wie dat Fallon út reden fan de hân op har knibbel dien jûn hie, hja dat beskôge ‘as it absurdste ôftreden ea’. De kwestje wie har alwer ferjitten en hja hie der boppedat – ek yn 2002 net – ‘net in nanosekonde minder om sliept’.

Mar de hân op de knibbel fan 2002 is al lang net mear dy fan 2017. It âlde biedwurd fan de Britske polityk (‘Op it partijkongres telt net’) is efterhelle. As it mei de faasje fan hjoed-de-dei trochgiet, sil in gleone loaits mei gauwens fiere ta publike terjuchtstelling.

Absurd of net, de bûlevaarblêden hawwe bloed rûkt en Fallon sil net de lêste Britske minister wêze dy’t sneuvelet nei de betiging fan oansjitsk seksueel dwaan. Men kin it wol oan de hacks fan The Sun, Daily Mail en Daily Mirror oerlitte en ferifiearje alle op fertochtelistkes sirkelearjende nammen en gean op ’e siik nei harren slachtoffers.

De Britske kranten moatte, folle mear as bygelyks de Nederlânske, hoeden wêze. De straffen foar kwealaster troch de media is strang yn it Feriene Keninkryk. Der moat bewiis wêze foar de betigings, oars giet it medium ûnûntwynber telider as de beskuldige nei de rjuchter stapt en gelyk kriget. Dan folgje bytiden útskriptige skeafergoedings. Nei’t sjoernalist David Walsh yn 2004 yn The Sunday Times fraachtekens set hie by de earlikens fan Lance Armstrong, moast de krante de hurdfytser twa jier neitiid 300 tûzen pûn betelje út reden fan smaad. Yn 2013, doe’t bewiizge waard dat Armstrong de boel besoademitere hie, moast er dat jild werombetelje, sa net – mei rinte. De Ingelske Trouw soe it stik fan Jelle Brandt Corstius oer syn ûnderstelde ferkrêfting perfoarst net printsje litten hawwe. Dat hie faaks hjir ek foar eltsenien better west: de saak is in kwestje fan leauwe wurden.

Asha ten Broeke leaut Brandt Corstius. Hja skreau juster yn de Volkskrant, se leaut op harren wurd lju dy’t úthâlde dat se misbrûkt binne. Dat is har goed rjucht, ik leau ek wolris eat sûnder dat pront bewiis foarhannen is. Mar as wy har útgongspunt algemien tapasse soene, jouwe wy ús op it wiffe terrein fan de eigenwille. Dan keare wy de normale rjuchtlike wei om: de fertochte hat it dien oant it tsjindiel bewiizge is. Dat is oer ’t ginneraal like dreech as it bewiizgjen fan skuld: de fertochte is fuortendaliks dieder.

Dat begjint te lykjen op it midsiuwske hekseproses. Froulju dy’t mei hekserij betige waarden wiene de lider: hja koene har ûnskuld inkeld bewiizgje troch te fersûpen nei’t se yn it wetter soald wiene. Bleaune se driuwkjen dan wie it bewiis fan hekserij levere en kamen se op ’e brânsteapel: in justjes ûnbefredigjende rjuchtsgong.

Foltsmiening is dat lju dy’t misbrûk meitsje fan harren machtsposysje en wierje har út, de kaam op ’e noasters set wurde moat. Mar dan wol oer de krekte rjuchtlike wei asjebleaft, hoe slim bereisber dy bytiden ek liket en hoe ûnbefredigjend de útkomst ek wêze mei. It is de priis dy’t wy no ienkear betelje wolle moatte foar rjuchtfeardigens.

Dit vind je misschien ook leuk...