Beppe Gatske
Lêsten skriuwde ik al dat ús beppe wakker skealik laitsje koe op stuiten dat ik earnstich wie. Dat die se ek doe’t ik mei in auto thúskaam dy’t net fan my wie. Nuver, net?
Ik moat trije west hawwe. Want it wie doe’t wy om utens ferhuzen. Us Nynke, dy’t in pear jier âlder wie, koe wol mei, risselwearren ús heit en mem. Us Keimpe, dy’t trije jier jonger – en dus krekt berne – wie, moast mei, want hy koe net by mem wei … dy tatebek. Mar ik-sei-de-gek wie wat in hannebinerke, sa’t skynt, dat ik moast salang mar by pake en beppe yn Stiens bliuwe.
Hannebinerke is wat oerdreaun, hear …
Goed, ik hie dat radio faaks net fan ‘e trep soale moatten, doe’t wy noch yn Mantgum wennen. Ik woe ris sjen hokker kwaliteit sa’n bakkeliten ding winliks fan wie. No, dat foel ôf. It foel ús heit ek wat ôf, doe’t er thúskaam. Hy seach teminsten wakker sneu. Ik fiel it noch!
En dy einekuorren dy’t Sytse Buursma, ús buorjonge yn Akkrum, efter hûs lizzen hie, hie ik efternei besjoen faaks ek net yn ‘e Polsleat foar ús hûs miterje moatten. Sytse soe se nei skoaltiid útbringe. Dat my tocht dat ik wol wat tariedend wurk dwaan koe. It wie in hiel geheister, mei dy peallen en kuorren, mar se bleauwen moai driuwen. Dat … wêr’t neitiid al dy kommoasje om wie, wit ik noch net.
Der stie in baas hûs yn Stiens njonken de pleats fan ús âlde pake Japik Kingma, ús beppe har heit en memmes. En dêr wenne in boarterskammeraat, yn dat hûs. En dy jonge hie withoefolle autokes. Doe’t ik op hûs yn gong – ’t Âld Skoalhûs wie fan dêrút suver te bepisjen – hie ik ien fan dy autokes yn ‘e bûse.
– Hoe komsto dêroan? frege ús beppe.
– Dy haw ik fûn, andere ik sa drûch as in pûn moal.
En doe wie’t wer sa … dy skealike laits fan ús beppe.
Hja hold my moai stevich by de hân, mei’t ik net útnaaie soe, want it doel wie dat ik it plak wize soe dêr’t ik it autoke fûn hie.
Der wie dy deis in feestlik barren foar bern op it keatsfjild (de iisbaan by winterdei) foar de pleats fan ús âlde pake oer.
– Dêr op ta, luts ik beppe, doe’t wy hast oan it grutte hûs ta wiene, by it plak delikt wei. En dêre oankommen koe har hâldgreep net ferhoedzje dat ik yn ‘e bocht gong en krij in plestiken mok út it gers op. Dy hold ik op myn bar beet, oft ik him nea wer loslitte soe.
En dat kaam sa út …
Want dy blauwe mok gong mei op fakânsje nei Itaalje, nei Spanje, nei Fryslân alle wiken … en it ding stie ek as jiskepantsje tusken ús yn doe’t ik deux francs seize úttelle soe. Mar yn stee dêrfan liet de bylderige twilling út Bordeaux dizze jonge de oare moarns útteld yn syn twapersoanstintsje efter.
Hawar, wat ik mar sizze woe … doedestiids wie it plestik jit fan goede kwaliteit, want de mok stiet no noch by ús yn ‘e kast.
– Moai, dan kinne wy no it autoke wol efkes by [ik wit de namme fan myn boarterskammeraat net mear] werombringe, ornearre beppe mei dy skealike laits fan har. No, dat koe om mij wol. Ek al wie dat neffens my allegear oerstallige drokte, want it jonkje hie boartersguodautokes by de roes. Iennichst bern, tink.
Ik seach beppe oan mei in loaits dy’t safolle sizze woe as: Mar dy mok is fan mij, blinder!
– Ja, dat bekerke meisto hâlde, lake ús beppe … skealik.
Recente reacties