Beppe Gatske
– Ik in behâldsman wat it Frysk oanbelanget?
– Jaap is frijwat âldfrinzich yn syn wurdkar en dêrom wurdt er neffens my net lêzen.
– Man, ik skriuw net om lêzen te wurden… mar om’t ik it net litte kin! As Jan dêr in pil foar hat… jou my him!
– As ik dêr in pil foar hie, dan krige Jaap him net! Nee, mar Jaap soe syn taalgebrûk dochs wol wat oanpasse kinne oan wat op it heden gongber is?
– Wat wit ik dêr no fan, Jan, wat hjoeddeis wenst is? Wy binne om utens ferfearn doe’t ik trije wie. Us memmetaal bleau fansels, mar dat wie it Frysk dat ús mem fan ús beppe leard hie. En beppe Gatske wie net mak as it om geef Frysk gong. Hja hie ús pake ek Frysk leare moatten. Keimpe Piters Dykstra wie, lykas Waling-om, in bakkerssoan út Froubuorren — Froubuurt, seid er sels — dat hy prate net oars as Biltsk doe’t er sneins nei it Stienzer âldlân kuiere om de iennichste dochter fan boer Jabik Kingma op de pleats foar it keatsfjild oer te befrijen. Ja, en Gatske woe har sa’t it skynt wol fan de Bilkant bestipkje litte — oars wie ús mem der net kommen — mar sy woe har net ferbrekke, blinder! Dat Keimpe Piters moast om lyk. Dat is it Frysk dat ús mem leard hat — ús heit joech letter ek wol om sizzen — en dat is it Frysk dat ik-sei-de-gek leard haw. Dat is it Frysk dat wy thús praten.
– Mar Jaap hat dochs wol meikrige hoe’t it Frysk him sûnt ûntwûn hat?
– Ûntwûn? Hoe dat sa?
– No, Jaap lêst dochs wol Fryske boeken en kranten?
– Fryske kranten? De Ljouwerter bedoelt Jan? Hahaha! En de boeken dy’t ik lies, ‘foelen’ út ‘e kast fan ús pake en beppe as ik yn It Âld Skoalhûs oan ‘e Paardewedstraat útfanhûs wie.
– Paardenwedstraat, tink?
– Dat koe wol. Mar oan taalfersmoarging waard doe noch net folle dien neffens my. Dêrom net, neitiid is de namme feroare yn Hynstewaad, haw ik my fertelle litten. Mar ik woe mar sizze, myn Fryske wrâld wie beheind. Ik prate heechút noch mei âlde pake Jabik en mei Anne-muoi en omke Jehan, as ik dêr de Ljouwerter brocht nei’t pake en beppe dy út hiene. En har Frysk wie ek noch net fertutearze… uh, hie him ek noch net botte ûntwûn, sa’t Jan it neamt.
– En Omrop Fryslân?
– Wat is dêr mei?
– Dêr kin Jaap ommers beharkje, hoe’t der tsjintwurdich praat wurdt?
– Ik moat earlik sizze dat ik koartlyn in fraachpetear beharke haw — in podcast hyt dat leau ik yn hjoeddeisk Frysk — mei in ferneamd Frysk skriuwer dy’t syn ‘lêste boek skreaun’ hie, seid er. Dy man hie it alle klapsketen oer ‘in hele hoop’, bygelyks ‘in hele hoop minsken’. Wêr binne dy swietlûdige twaklanken bedarre, frege ik my ôf, ús beppe soe wol roppe. Sa net, lêsten lies ik yn It Nijs in transkript fan in foardracht troch in âld-prefester Frysk oer Waling-om. Nijsgjirrich, tocht ik, om’t wy, sa’t ik niis al sei, oan him besibbe binne. Heare jekus, dy man hie it om it hipke oer ‘je’. It wie ‘je’ foar en ‘je’ nei… it wie allenduvels ‘je’, ju! Hy fûn sa’t skynt ‘men’ en ‘jin’ — of byneed ‘wy’ en ‘ús’ — te âldfrinzich. Dat, myn Frysk is faaks net by de tiid bleaun — net up-to-date, moat ik no sizze, tink — en wat finzen of beferzen yn de tiid, mar… moat ik my dan ferbrekke?
– Om mij net!
– Moai! Want — sa’t ik al sei — ús beppe soe wol roppe. Hja soe har yn har grêf omkeare… nee, ôfkeare.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]