Begrutlik
In man ûntfangt fia WhatsApp dizze tekst fan ’e buorman:
‘It spyt my och sa, Jan Willem, it begruttet my oan ’e teannen ta en ik woe it earst net rjucht wêze, mar it hege wurd moat derút. Ik moat dy opbychtsje, ik haw dyn wiif brûkt. Net ienris of twaris, mar nachts en deis — alle kearen asto net by honk wieste. Feitlik faker as dosels. Dat iksels gjint haw, is fansels in lakreden. It muoit my tige en ik wol dy myn wolmiende ûntskuldigings oanbiede. En ik ûnthjit dy by dizzen, ik sil it net wer dwaan.’
Jan Willem, alhiel fan ’t anker en slim yn syn eare oantaast, kriget syn knyft en stekt syn wiif, dy’t sûnder euvelmoed by ’t oanrjucht stiet, kroandea.
Foar’t it goed ta him trochkrongen is wat er… eh, oanrjuchte hat, kriget er wer in tekstberjucht troch. It is op ’en nij de buorman:
‘Frekte autokorreksjefunksje! Wifi bedoelde ik, net wiif. Sorry.’
Ik laitsje mi dea’ — hav mi kroandea’lake.
‘n Ménske siin sin is ‘n ménske-libben.
‘t(!) Ôldste berop. Oan-rioght.-sje.
Ik sill it doàn, throagh-crongen.
Skrill-, thrill, drill-, grill-rep.
Hazze Repke.
1 Response
Mar ik siogh ‘m nèt stean.