Bêdbuks yntakt

’n Frijfaam hat hommels oanstriid en gean yn ‘e lange hier.
Hja set in advertinsje yn in Frysktalige krante:
Ik sykje in man. Hy mei my net slaan en ek net oer my hinne wâdzje, mar hy moat noch al begien wêze op it lizzende wurk. Myn tillefoannûmer is 666999.

Hja kriget al wat reaksjes, mar it is nei har bestek allegear michjeguod.
Twa wike neitiid is der ien by de doar. Hja docht iepen en sjucht in man yn in rolstoel — gjin earms, gjin skonken.
– Ik bin Dauwe, seit er, en ik kom op ‘e advertinsje.
Hja is slop fan laitsjen. De man bliuwt sa kalm as in pûn moal. Hoenear’t se wat yn it ferset kommen is, seit er drûchwei:
– Ik foldoch oars oan alle easken.
– De earste twa al, nokkere se. Jo sille my grif net slaan, hahaha, en ek net mei hoazzen en skuon oer my hinne rinne, mar hoe stiet … eh, sit it mei de … eh, manlikens?
De man glimket fyntsjes:
– Hawwe jo my oanklopjen heard … as net?

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    BÊD-BUX iiNTACT
    ‘n(!) Frij-Faam hat —
    HjE set ‘n(!) Adverténsje.
    Ik siikje ’n mân.
    HjE krieget réaksjes.
    — Havve Yo mi heärd — OF nèt?
    ‘N TiTEL FON BOOK OF ARTIKEL
    ’n — stiét iin Wördbook ûnder N èn by in.
    throagh Jaap Slager

    • D.f.d.Meulen schreef:

      I seek a husband, hu-man.
      Ik siekje ’n liitse mân.
      Whennear’t Sie what up ‘e set, iin ’t (hon)net-sjese,
      iin ’t Ferset? PvV, PFF, by soup & stuut, stoet, bôle,
      iin ’t Facet? Forcet?