Bearenboargerrjuchten

Dauwe rûn net earlik rjucht mear, doe’t er by syn sûpstalke Romke wei kaam. No ja, bearenboargerrjucht, lit ús mar sizze. Hy stapte frijwat oer de foet, sjuch. En net allinnich oer de foet. Doe’t er thúskommen nei boppen ta soe, roaide er planút de ûnderste treptreed mis en plofte er mei ien hân oan ’e lining beklings op ’e estriken flier njonken de trep del. Dat de minybarfleskes dy’t Romke him — ‘Foar ûnderweis, ju!’ — yn ’e kontbûsen treaun hie, tesplinteren. It wie ynienen ien bloed en allegearre bloed. Dauwe klaude de EHBU-tromp, dy’t by harren yn ’e gongskast stie, foar ’t ljocht, strûpte de broek del en bepleistere him de bluodderige kont sa goed en sa kwea as it gie, wyl’t er efterstebek foar de spegel stie.

De oare moarns stie syn wiif mei it mâl jak oan njonken it bêd en kloppe him derôf.
– Hast wer by Romke west, tink, te wynbealgjen! En wiest wer flink yn ’e joarum doe’tst thúskaamste!
– Hoe krigest it yn ’t hier, fanke? Ik haw by Romke op ‘en heechsten twa bearenboarchjes hân. Mei men al net iens mear mei in kammeraat in lewaske drinke? Dat is in boargerrjucht, blinder!
– Hoe’t ik soks yn it hier krij? Dat sil ik dy wiismeitsje, grutte swetser — mei dyn boargerrjuchten! Sjuch, datst de foardoar de gânse nacht wagewiid opstean litten hast en alle ljochten fan ‘e moarn noch baarnden, wol ik oersljuchtsje — it kin de master misse. En dat der in spoar fan bloed troch it hiele hûs rint, wol ik dy ek noch wol ferjaan — in ûngemak sit yn in lyts herntsje. Mar wat dy ferret hat, heite, binne dy seisenfjirtich pleisters op ’e gongsspegel!
– …

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 14, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]