BDU
Ik wurd langer wat draaierich, benammen as ik op ’e rjuchterside lizzen gean. No is dat ek krekt de kant dêr’t ik sa staf bin as in Daf en dêr’t ik ek al jierren in hege fluittoan hear. Dat doe’t wy okkerwyks by dokter wiene foar in stikmannich nije resepten, frege ik har oft dy mealderigens dêrmei te krijen hawwe koe. Dat hja my fuort mei de fierker yn it ear op sjen.
“Alles himmel”, ornearre se.
“Gjin harsens of neat?”
Der koe net in glimke ôf — hja hat fan dy dagen.
Wy fan ’e wike nei de buorren om in grypprip…
Ik hie earst besocht myn ljocht op te stekken oft soks jitte fanneden wie, mei dy mûlkapen en sawathinne. Ommers, dat kroanfirus mei dan net te ferlykjen wêze mei it grypfirus, men wurdt der neffens my op ien en deselde manear mei oanhelle. Dat ik frege my ôf oft wy dy prip diskear net better ferjitte koene. As alle man en de wrâld nei de buorren fljucht om in grypprip, kin men dy sosjale distânsje wol op ’e skoechsoalen skriuwe, is ’t net sa. Mar nee, dêr hiene it regear en medyske ynstânsjes sa’t it like har noch net oer besind.
“Helje jo alle jierren in grypprip? Ja? No, dan mar wer, net!”
Klear!
In jier of wat ferlyn wie men foar de prip goedkeaper út by it apteek as by it Centro de Saúde, mar hjoed oan de dei komt men by ’t apteek… yn ’t apteek.
Toe mar! Ik frege fuort mar efkes oft ik dy tabletten foar mealderigens yn die twaris yn it oere twaris deis nimme moast, sa’t se op it doaske skreaun hiene. Oe blinder, nee! Twaris deis ien tablet, perfoarst net mear! Dat hie in ferskriuwing west!
No wit ik fansels net oft dy dûbelde doasis dy’t ik in wikelang nommen hie, dêr de oarsaak fan is, mar in dei letter foel ik derhinne. No ja, ik foel net, want ik siet op de bank mei in bakje kofje. Mar ik waard ynienen draaierich yn ’e plasse. Ornaris betwing ik my mei’t it wer oergiet, mar dat slagge my no net. Ik wit noch dat my tocht “Dat wie it dan!”, en doe jachten my withoefolle dreambylden troch de holle.
It wiif ûnderbruts de film troch my de hân op ’e earm te lizzen: “Wat is der mei dy, leave?”
Dat wie in fraach mei rjucht en reden, yn oanmerking nommen dat ik de salontafel omwâde hie. “Ik wit it net, fanke”, andere ik-sei-de-gek mei de switkobbels op ’e kop. “Haw ik lang wei west? Ik leau, ik moat efkes lizze.”
Mar nei tsien minuten op bêd, tocht my “it giet wol wer, leau ik!”
Healwei seizen, die it klokje my te witten. Nee, wol! Haw ik de hiele dei lein te koesen? Doe kaam my yn it sin wat der bard wie.
“Godskes, as dit in benei-dea-ûnderfining wie, sa hat dy hiele dea net folle yn… eh, foar jinsels dan.”
Betterskip!!! Wy kinne dy net misse …
Tank, Sytze! It falt wol wat ta, ju. Ik haw juster alwer in Vuelta de España fytst 😉
Bliid dat te lêzen! Dêr kom ik net mear oan ta, sa’n Vuelta … NDF
Nee, mar do rydst de Alvestêdetocht noch kreas 🙂
Mar sûnder gekheid…
Ik haw niiskrekt op it ynternet wat fûn oer it syndroom fan Ménière. Mûlk is it dat. Wat in rak fan ûngemak, mar it giet wer oer, mei ferrin fan jierren. Moai, net! En it slút sa moai mei myn filosofy dat alles mei ferrin fan jierren oergiet 🙂
Jim ek in NDF
Ik hie krekt reagearre en dy betterskip (!) tawinske, mar ik sjoch mijn reaksje net werom. Grif ferdwûn. Ik hie it syndroom ek fûn op it ynternet.
NDF
Ja, ik haw it syndroom niis ek fûn/oanklikt. It is te hoopjen dat it mar gau wer oerbetteret. Sterkte en betterskip! NDF
https://www.google.nl/search?sxsrf=ALeKk02ykljRC6t8tSS3Rm_JxPeRValcug%3A1603698365013&source=hp&ei=vH6WX8fYOIe3kwWY27CgDA&q=syndroom+van+m%C3%A9ni%C3%A8re+symptomen&oq=syndroom+van+M%C3%A9ni%C3%A8re&gs_lcp=CgZwc3ktYWIQARgBMgIIADICCAAyAggAMgYIABAWEB4yBggAEBYQHjIGCAAQFhAeOgQIIxAnOgQILhAnOggIABCxAxCDAToFCAAQsQM6AgguOgUILhCxA1CkJVjlgAFg75wBaABwAHgAgAFfiAHiC5IBAjIwmAEAoAEBqgEHZ3dzLXdpeg&sclient=psy-ab
As der in reaksje fan dy ferdwûn is, sit him dat grif oan my – dan sil ik yn myn gleonhastigens in ferkearde kaai oanslein hawwe, tink.
Likefolle, jim ek in noflike dei fierder!
No sjoch ik myn earste reaksje ynienen wol (hjirboppe mei de skeakel/link). It sil dus wol oan my (of myn ‘kaai’) lein hawwe: mea culpa … en jitris BETTERSKIP, NDF
Ik leau dat ik it begryp. Om ûnpost (=spam) foar te kommen, moat men reaksjes op jins stikjes earst goedfine foar’t se pleatst wurde. Tûzenen reklameboadskippen (foar Viagra en sawathinne) bedarje sadwaande yn it jiskefet. En Sytze wie yn ‘e ferbylding, tink, dat syn reaksjes yn in flits foar it ljocht komme.
Wat it oerbetterjen oanbelanget, dat kin wol komme! Dit syndroom giet út himsels wer oer, sa haw ik begrepen. Ik woe mar sizze, it Bedragerssyndroom (= imposter syndrome) is dreger 🙂
It is wol swier.
Bist d’r wol tefreden mei dot dot Spam in it jiskefet bedarret ?
Gjin BattleDressUni-form… nedig …
Of siikest dochs noch efkes it jiskefet troch …
Tank, Jaap, ik begjin it te begripen. NDF