Babyloanje

Tink der no om, sis ik tsjin dy Dútsers!
Mar faaks bin ik fierstente hoeden en hawwe hja gelyk.

It is sjesa…
Ien kear wyks bringe de fammen fan ’e gemeente ús boadskippen oan ‘e doar. Dat wie yn it begjin samar klear; moandeis it listke trochdwaan en waansdeis hiene wy de brot yn ‘e hûs.
Mar, twa dagen waarden trije dagen en trije dagen waarden fjouwer. De lêste kear wie it in wike neitiid. Dêr kinne dy fammen neat oan dwaan fansels; dy krije it hieltiten drokker mei dy smoarge kroankrisis en fiterje en drave harren it soerbrânen.

Hawar, Dútske freonen freegje ús ek geregeld oft wy wat fanneden binne at se te boadskipjen sille. Mar no’t Mértola ynienen ‘ground zero’ wurden is, mei withoefolle kroandeaden al, wolle dy freonen ris mei harren draaiboerd op in oare merke gean.
Hoe oft de sitewaasje yn Spanje is, fregen se my.

En no komt it…
Wy wenje op ’e grins mei Spanje, mar witte o sa’n bytsje fan wat dêre spilet en fan wat dêre al of net mei. De media yn Portegal en Spanje rjuchtsje harren benammen op de eigen sitewaasje, sjuch.

Wachtsje mar, sei ik, ik sil myn ljocht wol efkes online opstekke. Dat ik krige El País by de kladde. Dêr lies ik oer ‘el cierre perimetrico’ yn Andalûsje; ferkear tusken ‘las provincias’ is lykwols tastien.

Klear, sizze ús freonen en wolle al yn ’e auto stappe.
Ho, sis ik noch, wachtsje noch efkes!
Want foar Dútsers is Andalûsje in ‘provincia’ (= Provinz), mar foar Spanjoalen is it in ‘región’ mei acht(!) ‘provincias’. Dat ‘el cierre perimetrico’ betsjut neffens my dat men Andalûsje net yn of út mei – alteast net sûnder jildige reden.

Mar de Dútsers hawwe de kaai al yn it kontakt. Oft wy noch wat fanneden binne.
No ja, ruilje ús lege flesse gas dan mar efkes om, at jimme dochs dy kant út geane; dat skeelt tsien euro mei Portegal, no. As dat mar net betsjut dat wy aansens de helte fan ’e jildstraf betelje m…

Mar dat hearre se al net mear. Hja binne de grins al oer.

It sil my benije.

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Jaap Slager schreef:

    ‘Das war ein Spaziergang sozusagen!’ rôpen se niis noch foar’t de wein goed en wol ta stilstân kommen wie.
    Hawwe se dochs gelyk hân. Of gelok. Gelyk of gelok, wat skeelt it?
    Hawar, wy hawwe wer in folle flesse gas. €25,00 yn Portegal, €11,50 foar in gelikense flesse yn Spanje.
    Mar, as healwei de pizza jin de ûne útgiet, sa hat men wol it trijedûbelde oer foar in folle flesse 😉

  2. D.f.d.Meulen schreef:

    Leävver “soer-baarnen.” Andalûz-je is mei ‘n Rio Zezere. Hav ik iin swom 2010.
    ‘n Lege flesse (sûnder) Gâs … Poàrtegaal by Rotterdaam. El cierre perimetrico.
    S’erre.pt Serrada, Sierra.sp Tal-Sperre sûnder p. Gjin, p- en q-Keltisk, P.reuzen.