Baas boppe baas
It is al nuver, mar it hat altyd sa west dat ik in jier tweintich âlder skat wurd as dat ik feitlik bin. Doe´t ik tritich wie, rûsden se my op fyftich, en doe´t ik fyftich wie, holden se my foar… hawar, jim kinne telle.
Dat jim kinne fan tinken wol hawwe, dat ik nei´t ik berne wie fuort in baan oanbean krige.
Lit dat efkes yn jim omgean, foar´t ik jim meinim nei New Orleans.
Dêr is it mei sinneskynwaar(!) sa alderferskuorrendste damp waarm, dat de riezel rint jin troch de reet. Oerdeis is it bûtendoarren earst to hurdzjen as de sinne ûnder is. Mar dan is it fuort ek allenduvels minsken. Dan kin men, alteast yn The French Quarter, oer de koppen wol rinne.
It is yn it Jazz-sintrum fan ´e wrâld in griemmank fan klanken dy’t jin út kafees en restaurants temjitte spat – boogie-woogie all night long…
As ik by it lemieren fan ´e dei in kuierke meitsje, kypje de sinne en ik mei niget troch de lege strjitsjes. It is mûsstil. Dat wurd is faaks net de krekte oantsjutting – altomets sjuch ik in rôt tusken de strikende folle jiskefetten snjitskjen. De lucht dy’t yn de lije strjitsjes hinget, is in gearmjuksel fan bier, miich en spui – wat men yn ´e langebuorren ynnommen hat, is der sa’t it skynt yn ´e sydstrjitsjes wer útkommen.
Mar no is alles yn ´e rêst – mûs noch mins op ´en paad.
Of dochs?
As ik troch sa’n smel strjitsje kuierje, wurd ik yn ´e fierte in âld wyfke gewaar dat op in stoepke foar in iepen doar sit. En hja stiet yn ´e brân… Ik lûk oan ´e efterste foet.
As ik wat tichterby kommen bin, sjuch ik dat hja net rikket, mar dat it har sigret is – se sit mei geniet to smoken. It sjekje hat oars mear wei fan in fakkel – it baarnt as in wisp.
Ornaris krij ik in nearen sin oan tabak as ik ien smoken sjuch, mar dat falt no wat ta. Wêrom wit ik net.
As ik op ´e hichte fan har bin, hâld ik stil.
– Striemin foar de sûnens, kom ik mei myn o sa orizjinele iepening.
Har ronfelich holtsje komt stadich omheech wylst se de smook útblaast. Earne yn dy holle gatten moat in pear eagen my no rjucht oansjen. Om oan to jaan dat ik gjin kwea yn ´t sin haw, knik ik har freonlik ta.
Ynienen komme de haffels los fan inoar en in aaklik laitsjen giet my troch ieren en sinen. De wjerklang stuiteret fan gevel tsjin foarpij, rikesjearret de hoeke om en swynt sketterjend wei Bourbon Street yn.
– Men moat earne oan deagean, wier!?
As men sa… eh, deadlike orizjineel út ´e hoeke kommen is as ik, kin men fansels net to folle sizze fan sa’n… eh, deadwaner.
– Hoe binne jo sa kras bleaun, naai ik it petear oer in oare latte en besykje ik wat mear respekt yn myn lûd to lizzen foar it âld minkse har grize hierren.
Troch alle fâlden en groeden kin men suver har antlit net mear sjen wylst se op dy fraach omstint.
– Neat bysûnders, keakelet se lang om let. It biedwurd is: Rêst, Reinens en Regel, sjuch.
– Jo bedoele?
– Ier en betiid fan it bêd ôf – Regel. Nei it pisjen en in sigretsje de mûle efkes spiele mei in bierke – Reinens. En dan as de wjerljocht wer op bêd – Rêst. O sa wichtich!
Se kwitst in strieltsje brune flibe fansiden.
– En op fêste tiden ite fansels! By de moarnsboarrel in pear hotdogs – Regel. Middeis spiel ik de pizza wei mei in flap whiskey – Reinens. En nei twa pakjes tabak…
Hja meneuvelet mei de hân dy´t de fakkel beethâldt.
– …wol men oerdeis wol graach efkes it fel foar de eagen hawwe, no – Rêst. Mar jûns jou ik mysels wat mear skoat, hear. Jûns gean ik op ´e kletter – de bôge kin net altyd spand wêze, wier!? Ik rin wat op skobberdebonk – hjirre in trekje fan in joint, dêre in dripke. Soms wit ik moarns net iens persiis mear hoe’t ik thúskommen bin…!
En op ´e nij tsjirmje de gevels fan pine ûnder har sketterlaits.
– Lichtwol in ûnskeamele fraach, mar… hoe âld binne jo winliken?
Hja kwitst nochris fansiden.
– Net ien jout it my, gibelet se koket, mar ik sil skielk tritich wurde!
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]