Attack ‘m

Hy hat no it bewiis yn hannen, seit er, dat Oekraïne stipe wurdt fan oare lannen.

– Hokker bewiis, lyts flarde… uh, lytse Vlady?

Konkreet bewiis, seit er, te witten brokstikken fan Amerikaanske ATACMS-raketten.

Soest dy de bûsen net útskuorre? De man wol stand-up comedian wurde, tink?

– Dan moatst der al by stean gean, Vlady! O, stiest al? Sorry, hear.

Mar sis it mar… Hoe moat it Oekraynske regear op safolle dommens reagearje?
Sizze dat hja ek wolris in Iraanske drone út Ruslân wei oerkommen sjoen hawwe? Of dat der witwêr Noard-Koreaanske organen ferspraat lizze, net hielendal gaadlik mear foar donaasje.

Gewoan mar laitsje! Dat sil syn bedoeling wol wêze, tink.

Dit vind je misschien ook leuk...