As in okse in hazze fangt

Juster, doe’t wy by jûntiid weromrieden oer de dyk yn Andalûzje dêr’t ik hast alle dagen ek op ’e fyts switfeiend by lâns wrot, kamen wy sa’n warskôgingsboerd foarby: oerstekkend wyld, 3 km. By sokke buorden moat ik gauris weromtinke oan it minske dat ik in kear op it autoradio heard haw doe’t ik oer in lange ientoanige autodyk troch Montana ried.

Hja beklage har by de radiopresintator dat hja frijwat skea oan har auto berûn hie troch in hart dat har oer it mad kommen wie. De presintator, dy’t noch net rjucht op it netflues hie hokfoar kant it op soe, preuvele fan ‘ja, soks kin men misse’ of sokssawat.
En dat de plysje har dêrtaboppe noch útlake hie, wie har alhiel net nei ’t sin.
Doe wie de presintator ien en al ear: Fertel!
No, se hie neitiid oanjefte dien fansels op it plysjeburo, dat it hart op dat plak hielendal net oerstekke meien hie, want se wie krekt dêrfoar it boerd foarby kommen dat soks pas oer 3 milen mocht.
De presintator gappe nei de siken, mar hold him goed. Wat de plysje doe sein hie, woed er witte.
Dy plysje hie sein dat se in APB (All Points Bulletin) útgean litte soene en sjuch út nei in bliedend hart dat him net oan ’e ferkearsregels hold.
De radioman fergriemde him benei. Ja, soks wie al de standertproseduere, fuorre er har.
Ja mar, hoe’t dat no fierders moast mei de skea oan har auto, hie se de plysje frege. Se soene ek in oprop op radio en tillevyzje dwaan, hie de man mei triennen yn ’e eagen andere, oft it hart sa rom om it hert wêze woe en jou him eigenwillich oan.
Op dat stuit skuorde de presintator him – klear waar te nimmen – de bûsen út.
Nei in koarte stiltme ferbriek it minske kronken de ferbining. Oft de radioman yntiids it húske helle hat, wit ik net.

Doe’t ik in bedelte yn stjoerde, ferskynden op de berchpas foar ús oer twa koplampen. Heden, mar drok op ’e dyk hjoed. Ik seach fuort dat it rjuchter kopljocht swakker wie as it lofter en it wie krekt of wie de auto stean bleaun. Mar doe’t ik de ljochten dimme, sette er him wer yn beweging. Wy krústen inoar yn in hierspjeldebocht. Doe’t wy sels oer de berchpas kamen, seagen wy it al: lyk op ’e dyk.

Nee, net in hart, nee. As men in hart op ’e moterkape kriget, kin it mâl gean. Withoefolle automobilisten binne dea wâde fan in hart yn syn deapauwen. It wie in hazze. In baas hazze, seach ik wol yn it koplampeljocht doe’t it wiif him opkrige. Hy is noch waarm, sei se doe’t se mei ien hân in plestiken pûde mei boadskippen leech skodde op ‘e efterbank wylst se it stumper mei de oare hân oan de earen beet hold, mar hy hat in weldige optuter hân. Ik seach de bluodderige plasse yn ’e midden fan ’e dyk en makke fuort in rekonstruksje hoe’t ien en oar om en ta gien wie: dy auto hat him op ’e rjuchterkoplampe krige en doe hat er him mei it lofter foar- of eftertsjil oer it ribstik riden.
Ja, andere ik droech, der is al wat mear spjalte as inkeld de boppelippe.

Dy lju hiene fierstente gysten riden fansels. Hja hiene stilholden om’t se yn bestân stien hiene om werom, tink – in hazze is op it lêst skoander iten. It kin ek wêze, dat se sa kjel as in hazze wiene, dat it wat oars west hie as … in hazze. Dat se no yn ’e skiteraasje sitte dat se ier of let de plysje om ’e doarren krije, hahaha.

It wiif hat him fuort út ’e jas holpen doe’t wy thús kamen, en slachte. Dat wy hawwe no moai in pear protsjes poer hazzefleis yn ’e friezer. Dêr kinne wy wol twa kear fan ite.
Net mear as twaris, freegje jo?
Ja, it wiif kin nochal wat út it swiet, sjuch. Ik, stumper, bin kwealk trijeris sa swier as har.
Ja, ’t is wat, it is ûngelyk ferdield yn ‘e wrâld.

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Dât minske, Dât ik up ‘e radio. Die-goarre?
    Plysjemân may plysje bliowe. Radiomân.
    Ja mar, hoe’T dât no fiérder moàst. tv-mân.
    Hje soene èk ’n oprop Oer radio en tv doàn.
    Hedon? -isme. Eden. Deapau? Spinpoatsje.
    ’n weldige optuter? ’n geweldige optater of
    ’n wâld of wôld mei ’n L fon fergewaltigen.
    Hazzemoele. Mar 3x swierder âs de frau.
    Doe’t ik biology studearre oan VU A’daam,
    slachte ik hazzen, einen en ’n guos fon ‘e
    Jagers by uus hait iin ’t boethuus. Letter
    èk r’s ’n hazze dêre âs ferkearsslachtoffer
    Ôlde Miede of Suwôldster Fiéld. Laeste
    kear iin 1987 mei de nije faam oan hoes,
    flechtsjende hazze dea’slain mei hammer,
    dêr’t de fiower poaten all oumeand wiene.

  2. Jaap Slager schreef:

    Tige wer!

  3. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Tras Os Montanhas
    Portugal the män if
    fon Alaska, fiérder.
    Of ’n Oprop Op tv.
    Deapau en bauje.
    Ferboen troch mi.