Lju dêr’t ik de mint op haw…

“Do bist ek hurd mylder wurden, net!”

Mylder, ikke?

“Ja, by fyftich jier lyn!”

It moat net raarder wurde! Krekt oft men net fan miening feroarje kin of mei. Net dat ik wit hoe’t ik hast fyftich jier ferlyn oer dingen tocht, sa net, mar as ik earne de mint op haw, is it lju dy’t nei ôfrin fan de learplicht miene dat se alles al witte.

Hawar, dy krityk kaam los troch myn lêste stikje, dêr’t ik yn skriuw dat lofts (en ik dus ek sa’t it skynt) de falkûle dêr’t rjuchts it patint op hat, ek noch hieltyd net wit te mijen: it útsluten fan evenminsken. Dat men dêrom de lju dy’t foar twa wiken yn Washington sa gysten op it Kapitoal ta setten, net allegear lykslaan moat; dat men it mearpart, dat him faaks ferrûn hie, net ûnder ien hoed beflappe moat mei terroristen en faksisten. Want as ik earne de mint op haw, is it lju dy’t altyd alle man en de wrâld feralgemienje wolle.

Dat lit ûnbehindere dat de nije presidint dy terroristen en nije faksisten der aanst fergees by kriget. Dat bringt my wer op it stik fan útsluten. Doe’t in loftse presidintskandidaat te uzes sei dat hja presidint wêze wol fan alle Portegezen, keatste de faksistyske kandidaat fuort lêbich tebek fan: “O ja? Altemets ek fan alle psychopaten en pedofilen?”
No wit ik net rjucht wat it ferskeel dêrtusken is, mar it iennichst krekte antwurd soe neffens my west hawwe: “Jawis, ek fan dij, André Ventura! As men presidint fan in lân is, is men dat ek fan lju dy’t siik of besestere binne.”
Want, as ik earne de mint op haw, is it lju dy’t harsels superieur fiele oer oaren.

Men moat op it heden wol o sa oppasse mei wat men skriuwt, want der binne altyd guon dy’t fine dat in oar neat fine mei – fral net at hja in oare miening of oertsjûging tadien binne.

Hin?

Ja, dat wit ik net rjucht. Dat is sa’t it skynt pik yn ’t fjoer fan har minderfielen. Ja, sorry hear, mar as ik earne de mint op haw, is it lju mei in minderweardigenskompleks.

Friezen hiene eartiids ek min ofte mear it patint op irony. Dat foel my om utens earst op. En tsjintwurdich ek by Friezen sels, moat ik tajaan, no’t smiten folk myn irony fakentiden opfetsje as sarkasme — of sels synisme. Moai, net! Want as ik earne de mint op haw dan is it lju dy’t synysk of skeetsk binne.

Ik set op it heden in Portegeeske novelle oer. Nuno Morais, de skriuwer, seit oer himsels dat er skriuwt om’t er it aardich fynt en sjuch hoe’t wurden út it neat wei op syn byldskerm ferskine. Moai sein, fyn ik.
Ik leau dat ik fral skriuw (en teffens lês en oerset) om’t ik simpele graach witte wol hoe’t it fierder giet. Ik wie — foar jimme goed begryp — nea fan doel en kom oer as in âld wetboek. As ik earne de mint op ha, is it lju dy’t in wurd hawwe as in âld, en oan oare niten.

Mar, as der al eat wêze soe dat ik útdrage wol, is it dat wy mei-inoar besykje moatte om de wrâld better efter te litten as wy him fûn hawwe, want iendrachtigens ta it goede moat altyd sterker wêze, fyn ik, as iendrachtigens ta it kweade.
Om koart te kriemen, it wurdt heech tiid dat wy ris in oar laadsje oplûke en foar de fernullen krije dat wy inoarren net útslute moatte… de lju dêr’t ik de mint op haw net meirekkene fansels.

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    De falkûle, fâlk-ûle, valk-uil, Oelewiekel, fâll-cuole.
    Sluut even-liu nèt uut, it binne gelikense minsken.
    Sick, ill, siek of be-sestere, sesterje, ik hav sestere.
    Psychopathen en pedofile bairne-moàrdners eak.
    Vacuole, vacuum, vacut.

  2. S.T. Hiemstra schreef:

    Wer in moai stikje! NDF

  3. D.f.d.Meulen schreef:

    NDF?
    De Portegies, drugstore falliit slain.
    Hawar, Avare, Avanti! Avânsearje.
    Âll-to-mêd’s koàrt g-krieme.
    Giisten, skeetske niten.
    De Mint havve up …
    Ândré Ventûra
    Nuno Moraisj