As de skrinkel by it flym komt…
Is it net nuver hoe’t wy as jongerein ússels mei siikmeitsjend guod ferjaan en reitsje ús sûnens kwyt en hoe’t wy dan neitiid ússels mei siikmeitsjend guod ferjaan moatte en krij ús sûnens wer werom?
It is in minskegriis.
Jit nuverder fyn ik it ferskynsel dat lju dy’t ik betitelesearre mei ‘blier en evenredich’, faken fan ien slach al lizzen gean, wylst dyjingen dy’t wy sleau hjitte en sûnder moed, hieltiten fêster trêd lykje te krijen wat hurder oft de tsjinwar is – bygelyks krupsje of agresje.
Der binne foarbylden by ’t seksje fan heldemoed yn tiden fan oarloch fan lju dêr’t men it net fan ferwachte hie – dy’t it libben der dikmels by ynskeaten.
Faker as net wiene it de – sa’t it like – earme sielen, dyjingen dy’t men wol slite kin, dy’t mar wat omspane sûnder sin of doel, de ferskoppelingen – hja toanden dat se murch yn ’e bonken hiene en piid yn ’e rêch, doe’t har evenminsken dêr it meast ferlet fan hiene. Evenminsken dy’t har omtinken en hope doe’t de oarloch foarby wie, op ’en nij fêstigen, lyk oft der nea wat te rêden west hie, op de lju fan kwizekwânsje, dy’t ûnder har eken skriuwtafels beskûl socht hiene, of yn har stinzen, doe’t de kniper op ’e skine kaam. ‘Evenminsken’ dy’t yn guon gefallen teminsten noch it fatsoen hiene en wij in tinkstien ta oan wiere nommelens – de soarte dy’t makket, dy’t meast net yn it each falt.
Dêrom kinne jim my skielk, as it wer op in oarlogjen giet, weromfine, op ’e siik nei help en beskûl, yn it hûs… fan ’e dak- en ’e helpleaze.
Doe’t se my fertelde dat se boarstkanker hie, wie ik alhiel ferslein.
Withoefaak haw ik besocht har op te fleurjen en help har oer tsjinslaggen hinne; withoefaak haw ik besocht har te belêzen dat it libben prachtich is, mar dat it net kreas omballe mei linten en flinten besoarge wurdt – dat oerwinnings sûnder striid der al net mear binne sûnt de mins út it paradys dondere is; withoefaak haw ik har wiisd op ’e blauwe loft, mar hja hat altyd mear each hân foar in mooglike njirre ûnder it gers. En no ynienen jout se it gers gjiniens gjin omtinken mear en sjucht se allinne mar blauwe loft, dy’t har talaket. No ynienen is se in boarne fan treast en stipe foar sibben en freonen – wylst men it rjuchtoarsom ferwachtsje soe.
Wat is dat dochs? Wêr komt dat út wei?
En – tichter by hûs – wêrom bin ik-sei-de-gek ynienen gjin skop foar de kloaten mear wurdich?
Wie ik dat, dy’t sa bearde fan elemint en kriich? Bin ik faaks ien fan dy smoute praters dy’t der slach fan hat in faam te befeugeljen of in baan, mar neitiid neat yn te bringen hat as lege briefkes? Bin ik net mear as in momkape, ien sûnder ynhouten, ien om derop ta te jaan – in toanielspiler?
Sa sjucht men mar, hoe’t wy nei hûnderttûzenen jierren fan evolúsje ús noch hieltiten bekaaie litte troch uterlike skaaimerken, de earste yndruk. Mar it omkaft fan it boek seit de ynhâld net. Wy sinne der net op dat de oar wol wat mear wêze kin as bleat in tsjep bekwurkje. En as wy dat al dogge, dan besjugge wy dat as de útsûndering dy’t de regel befêstiget of poer tafal. Wylst wy ús eigen misse setten skowe ûnder ‘flaterke, ju’ of ‘in bytsje bryk is minske lyk’.
Ik sei it ommers al niis… it is in minskegriis.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]