Apology

Achtenearre allegearre,

“Of sjucht dizze Unnoazelsma dat wer ris hielendal ferkeard?”

Dy wurden besleat ik it foarrige brief mei. De fraach stelle, is him beänderje. Ja, dus – dizze Unnoazelsma seach it ferkeard. In Rianne Blokzijl helle my út myn drôgerij: “Gboard fan Google, dy kin keppele wurde oan jins tillefoan – dus ek oan WhatsApp – en hat in Frysk wurdboek”.

Lêstendeis skreau ik yn in stikje “in optimist is in pessimist dy´t net goed ynformearre is”. Mar it docht bliken dat in pessimist ek wolris de swiere ein boppe hat. Myn ûntskuldigings!

Ik meld dut efkes op it gefaar ôf dat ik de iennichste wie dy´t him ferseach. Godtank binne der noch lju dy´t har op sokke stuiten net diakens hâlde.

Freonlike groetnis,

Jaap

Dit vind je misschien ook leuk...