Anglo-Fryske hannelskrite, twadde bedriuw, as opfolger Jeropeeske Ekonomyske Mienskip (JEM)
Dizze rigels skreau ik op 24 juni 2016, no in goed jier ferlyn, mar se binne noch wakker aktueel neffens my…
De mûle stiet my fan en ta yn ’t kier fan de earmtaligens op it Hollânske tillevyzje, dat is sa, mar fan de Fryske útstjoering giet de grize my bytiden oer de grouwe. Ik kin my suver begripe dat guont lju úthâlde dat it Frysk in dialekt is: Hollânsk mei in wat nuvere tongslach.
Sokke lju hawwe fansels net in soad taalhystoarysk belul. Ommers, doe’t oan de kusten fan it Mare Frisicum – sa’t de Romeinen ús Noardsee neamden – yn it rûnom Frysk sprutsen waard, sprong it Hollânsk jit mei syn Frankyske heit oer de Ryn.
Sterker noch, men kin safolle Fryske ynfloeden weromfine yn it lettere Westflaamsk en Hollânsk, dat men licht sprekke kin fan Fryske substraten.
Gjin wûnder, want yn ’e maritime goaen fan it hjoeddeiske Denemark, Dútslân, Nederlân en Flaanderen waard om dy tiid hinne inkeld Frysk sprutsen. Dat wie út ’er stee net in homogeen Frysk – withoefolle dialekten rûnen yninoar én yn it Ingelsk oer, dat men sprekt ek wol fan in Anglo-Frysk taalgebiet. Dat wie kommen, trochdat al dy stammen en foltsen om de Fryske See hinne sa fûlbannich hannel dreaune mei-inoar, der wie nin deien oan. Men soe dêrom ek sprekke kinne fan in Anglo-Fryske hannelskrite.
Ja, dat wie doe, hear ik jim al sizzen, yn ’e skiere foartiid. Dat ha wy hân.
No, dat sizze jimme wol, mar oan dy hannelskrite moast ik as ik woe of net tebektinke, doe’t ik der fan ’e moarn ôfkaam mei it nijs fan it Brexit ôfrûne nacht. Mei it útstappen fan it Ingelân hat it nammentlik eigenskip dat de oerbliuwende, ekonomysk sterke hannelskrite oan de Noardsee de mediterrane en âld-Eastbloklannen noch mear as foarhinne fiele sil as in bongel oan ’e foet.
Oars sein, Flamings, Nederlanners, Dútsers en Denen fiele harren as it derop oankomt mear besibbe oan ‘e Ingelsen, as oan ‘it rosmos yn it easten en it suden’.
Dêrom foarsis ik dat, sadree’t de morele lilkens oer it ûnderstelde Ingelske ‘spulbedjer’ saksearre is en it plak romme hat foar it tradisjonele keappenskip, Nederlân en Denemark it tsjin inoar yn ’e kamp lizze sille, wa’t fan beide as earste de JEM de rêch takeart en sko om ’e tafel mei de Ingelsen. Dútslân sil jit solidêrens mei Frankryk foarjaan, dêr kin in skoftke mei hinnegean. Mar as de kniper op ’e skine komt sil Dútslân ek de reabûtergûne foar kar nimme.
Yn koartens, Anglo-Fryske hannelskrite, twadde bedriuw.
Jaja, dy dingen lit ik allegearre yn my omgean mei dit sinneskynwaar, op ús terras mei útsjoch op ’e Rio Guadiana, no’t der hjoed efkes gjin JK-fuotbal op it tillevyzje te bejûchheien falt.
Recente reacties