Allinnich yn Amearika

Nijskommentator Jones sei niiskrekt op CNN:
‘As in man gading makket oan in baantsje by jo bedriuw en jo freegje him oft er ea mei justysje yn oanrekking kommen is, en de man anderet dat der in iepenbiere oanklacht tsjin him rint, mar… dat it poer en allinne om in heksejacht fan it foechhawwend gesach giet, soene jo nei sa’n antwurd lichtwol yn ‘e fâlden bliuwe kinne, mar ik doar der in eed op te dwaan dat jo it net op de hûd ha soene en nim de sollisitant oan.
Likegoed binne der withoefolle rippeblikeinske ûndernimmers dy’t der gjin bien yn fine en kies in man tsjin wa’t fjouwer prosessen rinne — mei ienennjoggentich oanklachten út reden fan lânferried en krimineel hâlden en dragen — ta sânenfjirtichste presidint fan de FS.’

Moai, net?

Dêrom net, mar… hat de man om wa’t it hjir giet, by syn ynauguraasje as fiifenfjirtichste presidint op 20 jannewaris 2016 net in eed sward dat er alle war dwaan soe en belibje, ferdigenje en hanthavenje de grûnwet?
Ik bedoel… stiet der yn de FS gjin straf op meineed? Of falt dat neffens syn abbekaten ûnder de frijens fan mieningsutering? Of hie it Iepenbier Ministearje wierliken hast fjouwer jier fanneden en bewiizgje dat er dêr raar mei it tûpetsje nei smiten hat, nei dy eed?

Dit vind je misschien ook leuk...