Alles fan mij

All of me
(fan John Legend, as it my net mist)

‘k Kin al net mear bûten dyn witlike praat
Dat no ris swietwei lûkt … dan mei ien wurd … daat
It makket … oerstjoer … of sljuchtwei poer
Ik krij gewoan gjin fet op dij

Wat giet der dochs om yn dat holtsje fan dij?
Doch ik dan net alles … alles nei dyn flij?
Koaiich op ’e skonken … ’k lykje wol dronken
Dochs fiel ik gloarje yn mij

Want sels kopke ûnder krij ik noch lucht
Do bist kranksinnich … en ik bin like sljucht

[Refrein]
Want alles fan mij
Hâldt fan alles fan dij
Fan dyn leav’ en fûle trekken
Fan dyn lekken en dyn brekken
Jou dy mei alles oan mij
Sa bin ik mei alles fan dij
Bist myn einstreek en begjinpunt
Sels ferlies slaan ik noch munt út
Ik jou my mei al en al en al … oan dij
Jou dy mei al en al en al … oan mij … o-o …

Al withoefaak … ha ’k dy no te hâlden jûn
Dat sels yn triennen ik dy bjusterbaarlik fûn
Ik wit, it … wierret dy net altyd mei
Mar nei hjoed komt der wer in dei

Do bist myn wanhope, myn Kalliope
Myn rêstleazens, myn hoop op hope
Ik wol sjonge … bin wer in jonge
In jonge … dy’t libbet foar dij

Want sels kopke ûnder krij ik noch lucht
Do bist kranksinnich … en ik bin like sljucht

[Refrein]
Want alles fan mij
Hâldt fan alles fan dij
Fan dyn leav’ en fûle trekken
Fan dyn lekken en dyn brekken
Jou dy mei alles oan mij
Sa bin ik mei alles fan dij
Bist myn einstreek en begjinpunt
Sels ferlies slaan ik noch munt út
Ik jou my mei al en al en al … oan dij
Jou dy mei al en al en al … oan mij

Jou dy mei alles oan mij …
Kaarten op tafel … ik hertenboer … do hertenfrou
Wy moatt’ it hert ha … ek al falt it neat net ta

[Refrein]
Mar … alles fan mij
Hâldt fan alles fan dij
Fan dyn leav’ en fûle trekken
Fan dyn lekken en dyn brekken
Jou dy mei alles  oan mij
Sa bin ik mei alles fan dij
Bist myn einstreek en begjinpunt
Sels ferlies slaan ik noch munt út
Ik jou my mei al en al en al … oan dij
Jou dy mei al en al en al … oan mij …

Ik jou my mei al en al en al … oan dij
Jou dy mei al en al en al … oan mij … o-o…

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. Jaap Slager schreef:

    ‘Sels mei de KOP ûnder WETter …’ past – efternei besjoen – sachs better, om de klam.