Aldehou om utens

Hawwe jimme dat ek op it heden? Ik hoech mar in nijsfideoklipke op myn iPad te starten, bygelyks op CNN, of ien of oare Jodokus mei in wakker nuvere diksje ropt fuort: “Klaar voor het avontuur? Je hebt een broek nodig…”

Foarst, hoe krijt er it yn ’t hier dat ik, as ik mei it iPad op ’e skurte op ’e bank delplak, klear wêze soe foar it aventoer? Twads, mient er wiswier dat ik, as ik klear bin foar in aventoerke, de doar út set yn ’e bleate kont — sa fan: “Spread ’m!”?

Dêrom net, it binne gjin gewoane broeken dêr’t er it oer hat, hin — tink der goed om! It binne — yn geef Hollânsk — swat pants!
Hin? Ja, dat wit ik ek net. Men kin der wakker yn swatte, tink. Watte? Nee, blinder, net switte, want se binne wetterticht sa’t hjit. Dat, as men swit, dan wurdt it wat in swimbroek, haw ik noed… eh, swim pants?

Mar no komt it… ik haw him allang.
Sjuch, en dat fyn ik nuver; it Ynternet wit dus al dat ik socht haw om in nije broek — want fanwegens sok dwaan (Holl. surfgedrag) krij ik no dy reklameboadskip hieltyd om ’e earen — mar wit net dat ik der allang twa kocht haw. Nota bene fia datselde Ynternet (dat kin ek net oars, want myn maat is yn Portegal yn ’e winkel net te krijen). Koart sein, socht witte se wol, mar kocht net. Is dat net nuver?

Big Brother mient, sa’t skynt, dat ik noch hieltiten yn ´e bleate kont de dyk del dideldeintsje.
Nee, jonge, hear, dat is klear. Ek al moat ik net te bot yn ’e bocht of yn ´e hoksen gean, want dan spant it derom — om ’e kont, bedoel ik.
Ik hie teffens de grutste maat komme litten, dy’t se hiene: 4XL. Mar doe´t ik dêr, doe’t se oankommen wiene, sa grutsk as in stoaterske hoanne yn omstapte om har te showen oan myn wiif, rôp se fuort: “Swat the fuck! Dy broek sit dy ommers fierste twang om ’e lea, ju!”

Ja, dat is al wat myn swakke punt — ik bin trijeris sa swier as myn lyts wyfke. Dokter hat dat lêsten fêststeld; dat der kin net oer skreaun en wreaun wurde. Dat myn Maria moat alle dagen foar fjouwer persoanen itensiede. Dus, as ik op dieet wol, moat ik sels itensiede, foar trije persoanen.
En Portegezen binne wiere karnivoaren, hin. Twa karbonaden p.p. beskôgje se as ‘skraabjen om ’e kant’. En dizze fleisiter, myn namme seit it oomers al, hat yn al dy jierren jitte net de moed hân om te sizzen dat it yn Fryslân hiel gewoan is en haw ien stikje fleis by it waarm iten. En as ik wat lang op in bonkje omhaffelje, dan krij ik har karbonade ek noch taskood.

Dêr komt noch by dat in minske makke is en brûk de lea, wier. Dat myn wiif strûpt de sile net út, ear’t it gânse hûs yn kalk en semint is. En as se klear is, dan begjint se fan foaren op.
Wylst ik-sei-de-gek it leafst wat efter myn skriuwtafel sit, no. Ik set op it heden in Portegeeske roman oer. Prachtich moai wurk! Mar, as myn Maria foarby feecht, mei yn ’e iene hân in amer kalk en yn ’e oare ien mei semint, dan seit se wolris, wylst se in tûfe hier fansiden blaast: “Hast neat te dwaan?”

Undogenske bern yn it doarp, dy’t blaaie dat se net op bêd wolle, binne fuort om lyk as harren mem driget: “Oars rop ik de Fries, hear!” It smyt net folle op, sa net, sa’n bybaantsje as berneskrik, mar it is in tige wichtige funksje, no.  

Ik bin net de iennichste, hear. Wy hawwe in Dútser, dy’t ûnder by de rivier wennet (Holl. down by the riverside), dy’t om deselde funksje stiket. Dy hat in hingelbúk, jonge… sa grou as in baarch. Ik neam him ‘Hängebauchschwein’, as ik wat in weake lúm haw.

Hawar, okkerwyks hie dy Dútser in baas túnbroek komme litten, fia it Ynternet — frachtferfier. Mar no komt it… dy broek wie him fierstente te grut en te wiid. Oft it net wat foar my wie?
Ik wie slop fansels. Hoe soe sa’n ding, dêr’t âlden mei grutte bern wol yn kampeare kinne, my yn ‘e goedichheid passe moatte?

Mar doch him foar de aardichheid ris oan, Jaap!
No bin ik altyd wol te finen foar in gekheidsje, dat… alla!
Mar, wat tocht jimme? Hy paste my ek net.
Watsjo? Te grut en te wiid?
No… eh, nee, dat… net earlik.

You may also like...

4 Responses

  1. Sjappie seit:

    … BD “uni-form” swat broek ?
    t’Is me think whole ‘a striid t’e goa in ‘t trousers’t’… .

  2. D. f.d. Meulen seit:

    GJIN PÖNTSJES oan begjin fon sin. Unifoàrm!
    Biologisk-Dynamisk? What bedoelst, SJappie?
    ‘t (!) Is — thinkt mi — ‘n hiele striid te (!) gean
    Yn-iin ‘e (!) trousers. Pt. (‘t?) Doch r’s normaal!
    Whêre om skriowst nèt sa’tst praatst, it sayst?

  1. desimber 23, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]