Alde Keimpe

– Bêst genôch, jonge! Krij in stoel!
Dat is it beskie fan âlde Keimpe as ik deryn kommen bin en frege haw hoe’t it mei him is. Syn wiif sit noflik yn it sintsje by ‘t finster, in wrine oer de knibbels. En Keimpe sels siet te neilbrieden seit er, nei’t ik skrutel frege haw oft ik steur…
– Bisto raar? Gean sitten, man! Ik bin bliid dat ik in prater haw.

Keimpe hat in deimannich net yn ‘t kafee west. Soks falt op. Oars lit er net in dei foarbygean.
Ik rekkenje him ta de ynboel, sei Jelle fan ‘e moarn, ik bin suver ûnwennich.
Ik haw de auto fan dokter foar de doar stean sjoen, hie Age andere, doe’t ik der okkerdeis lânskaam mei de fyts.
Mei stie ik op ‘e sprong om derhinne…
Net dat wy maten binne, hear, mar ik mei him stomme graach lije. Keimpe is ien fan it âlde laach, rjucht en sljucht. Hy makket fan syn hert gjin smoarpanne en hat de mint oan poeha en komkak.
Kom dêr mar ris om, hjoed-de-dei!
Nochris, it is perfoarst net om’t wy spitsen binne. Wy ha selden direkt kontakt, ek yn ‘t kafee net. Mar dochs kinne wy mâle goed mei inoar. Soks hat gjin hege wurden nedich.

– Nee ju, my mankeart neat, mar Fokje rekke ûnder fuotten. Itensfergiftiging ornearret dokter.
– Nee, anderet er flak hoenear’t ik him frege haw oft er wat oars iten hie as syn wiif, mar mýn mage is mei stientsjes opset, sjuch. Wa’t it kampiten oerlibbe hat, is foar it libben ymmún!
– Hat Keimpe yn it kamp sitten…? Hoe kaam Keimpe dêrsa telâne?
Suver trappearre sjucht er efkes nei syn wiif. Dy sit te slûgjen.
– Ik haw it dêr nea oer. Fokje kin der net rjucht oer, sjuch…
Hy smyt noch in loaits op syn wiif. Dan stoarret er nei de flier, lykas riizget it ferline dêrút op…

– Ik hie al wat adreskes hân, it lêste yn Stiens, mar… doe regelen se in plak by Posthumus, in slachter yn Tsjummearum. Gaadlik plakje, ik kin net oars sizze. Mar ja, hoe giet soks? It duorre net sa rare lang of dêr gongen ek guon hinne en lis my fragen foar. Hoe’t it kaam dat ík net nei Dútslân hoegde. Ik jeuzele dan mar wat oer steksjuggerigens. Mar soks giet safier as it fuotten hat. Der wenne dêr in boer dy’t ferkeard wie. En dy – dat is de hjitting – hat de boel ferret… By neare nacht razzia! Se hellen my fan bêd. Ik lei op ‘e souder te sliepen. Mitkommen fansels. Ik wie sa skitende benaud, ik miigde amper yn ‘e broek. Dat doe’t wy ûnder kamen, frege ik oft ik efkes pisje mocht. No, dat koe wol. Mar… mei’t ik my omdraaide nei it túnsket, waard my it pystoal yn ‘e nekke set… Net in dríp fansels!
Ik kin my dat begripe. Iksels kin net iens pisje as der ien njonken my stiet.
– Ien nacht yn Frjentsjer. Der wiene noch twa oaren oppakt, dat wy sieten trijerisom yn ‘e sel. Ien hie him in pûdsje sjek en lúsjefers yn ‘e reet bestoppe, doe’t wy ús útklaaiden. Dat moast! Utklaaie, bedoel ik. Jonge, wat ha wy dy nacht smookt. Ik haw nea wer sa lekker smookt as doe…
Sabeare ynhalearret er en blaast stadich troch de noastergatten de smook wer út.
– De oare moarns nei it Ljouwerter Blokhûs. De oaren haw ik net wer sjoen; se binne nea weromkommen……! Tsja, en doe op transport nei Amersfoart, no…

Keimpe sjucht wer fansiden. Syn wiif is noch yn ‘e slom.
– As men de yllúzje hawwe soe dat de minske him ûnderskaat fan it dier, lústeret er, is it kamp in moai wisse remeedzje…
Hy krijt ynienen in bittere trek om ‘e mûle.
– Moarns foar it appèl begûn it lijen al. Der moast pisse wurde. Dy’t it net holden, miigden de foarsten tusken ‘e skonken troch. Dat foar’t men oan bar wiest, hie men de klompen al fol!

It appèl sels wie ek in feest…
It ferjit my nea dat der ris snie lei en dat se ús skoften stean lieten. Wy hiene neat om ‘e latten, no. Guon foelen der hinne fan ‘e kjeld. En útnaaie, ferjit it mar! Want dy falske hardershûnen bilen oan ien triem wei… om sljucht fan te wurden. En ast dy ferweegdest, hiest der ien oan ‘e kont hingjen.

Middeis – ûnder it appèl – koe it barre dat de kampbaas mei in bêste stomp yn wer by honk kaam. Dat wie in minne hont. Hy hie in gummykneppel en in ferkearde drank – beroerde kombinaasje. Dat as er mei in wiet seil thús kaam en in raam op ús die, stoden wy witwêrsanne, hardershûnen of gjin hardershûnen… Haha!
– En, frege ik fuort, hat er Keimpe ek wolris te pakken hân?
– Dat koe wol. Witst wat sa nuver is, dat wít ik net rjucht mear. Ik haw yn myn jonge jierren sa fakenfolle op ‘e bealich hân, dat… fernedering wie myn deistige skaf…

Hy swijt in amerij.
– Mar wat my nea ferjitte sil… Wy stiene ris yn ‘e itensrige doe’t de kampbaas ynienen troch de poarte kaam, dronken as in kartou. Doe’t er ús gewaarwaard, stode er mei heve kneppel op ús ta. De oaren nagelen fuort út, mar ik wie hast oan bar en tocht: Frek do mar! Mei’t ik mei de rjuchterearm de slach ôfkearde, hold ik mei de lofterhân myn itensblik op…
Keimpe fergriemt him suver fan ‘e neiwille.
– It mei net mear west hawwe as in koarste bôle mei lij wetter, mar… wy koene it skoan brûke; wy foelen hast fan ‘e bonken, man! De oaren hawwe lykwols efternei sa sangere en systere, dat er my de oare deis omraak fine soe en sawathinne, dat… ik haw dy nachts alles wer útkoarre. Fan benaudens, hin!

– En dy Van Agt woe Kotälla en dy oare twa mar gau frijlitte, klinkt ynienen helderop by ‘t finster wei, ‘út humanens’ sei dy idioat!
– Watsjo?
– Dy smoarge Van Agt… doe’t er minister fan Justysje wie! Razend en skoppend waard Keimpe bytiden wekker nachts; alles wat yn ‘e rin fan ‘e tiid bewuolle wie, kaam wer omhegens!?
Keimpe – noch djip yn ‘e memoarjes – begjint ynienen te strieljen.
– Mar it wie him de oare deis glêd fergetten! Hahaha! Jongejonge, wat hie ik it lok mei!

Dit vind je misschien ook leuk...