AIVD mei de hacken oer de grutte dobbe
Dêr’t hackt wurdt, falle steaten
De Nederlânske top-hackers fan de AIVD hawwe de ferneamde Russyske hackers fan Cozy Bear drûchwei in hack set. Wylst de Russen besteld wiene mei it út ’e foegen skuorren fan de Amerikaanske demokrasy en it op it hynder setten fan Donald Trump, giene ús jonges har op hakken en teannen nei en ljochten de Amerikanen yn oer wat dêr om en ta gie. Hja diene der sels foto’s by fan de Cozy Bears, want se hiene de befeiligingskamera yn Moskou ek hackt, dêr’t se de boel mei troch it gat seagen.
It wie in dealeske primeur fan Huib Modderkolk (de Volkskrant) en Eelco Bosch van Rosenthal (Nieuwsuur). It komt ús net alle dagen oer dat alle grutte nijsagintskippen in Nederlânske primeur oernimme. As tsjinstferliening oan ’e wrâld hie de Volkskrant it stik fan Modderkolk [prachtige namme foar in ûndersykssjoernalist, jsl] yn it Frysk … eh, ik bedoel yn it Ingelsk oerset – in freonlik gebeart dat wrâldwiid tige op priis steld waard, it wie freed fierwei it meast lêzene ferhaal op it webstee fan ’e krante.
De details fan it ferhaal wiene inkeld nei te kommen as men wakker ôfjage is op it heech-technologyske mêd, mar wat neukt dat, it makke it allegearre safolste nijsgjirriger. In espeltsje hackers yn Zoetermeer dy’t de romrofte Cozy Bears digitaal anaal naaie: wat net kin, is jit net bard. Nederlân wie út ’e skroeven, santich jier nei it ferlies fan Us Ynje kinne wy einlings wer ris út tsjin ’e wrâldmachten.
Wy woene har sjen, ús hackende baasmannen. Skouder oan skouder, lykas de fuotballers fan Oranje doe’t se jit inkeldris in wedstriid wûnen. Wat gie troch har hinne, wat ferwachten se fan de folgjende wedstriid? Mar dat koe net. Dat is al wat it beswier fan spionnen, wy kinne har net op in boat sette en troch de grêften jeie.
The New Face of War – How Wars Will Be Fought in de 21st Century fan Bruce D. Berkowitz kaam út yn 2003 en joech destiids omtinken opskuor. it is sûnt withoefaak werhelle: de folgjende oarloch sil in digitale wêze. It ferhaal fan Modderkolk en Bosch van Rosenthal hearde men foartsjirmerij yn fan dy nije oarloch, de tichterby kommende lûden fan fjildslaggen, mei skurtekompjûters as masinegewearen.
Dat makket it alsa ûntrêstigjend: as dat it begjin wie, wêr is de ein?
Nei it lêzen fan it wedstriidferslach AIVD-Cozy Bear wisten wy wat mear. Mar nijs is it topke fan de iisberch dat tafallich – of troch diger wrotten – merkbiten wurdt. Wy witte wat, mar wat witte wy allegearre net? Wa binne op it stuit ynhackt yn de tillefoans, de befeiligingskamera’s, de befelsintra, yn it hert fan ’e fijân? Wa hie der belang by en bring it ferhaal nei bûten ta en wêrom? Sille de Russen no út wraak besykje de kuolkast fan Rob Bertholee te hacken? Is der in ferbân tusken de primeur en de sleepwet?
Dy merakels bejeftige AIVD-hackers, wat fange hja winliken, hokker emoluminten krije se, neist de tsjinstfyts, en hokker bedraggen wurde har oanbean fan ’e konkurrinsje, no’t bliken dien hat dat se better binne as har kollega’s by de Amerikaanske NSA? Wankt in eksodus fan hack-talint?
En wat ik ek stomme graach witte soe: binne ús hackers noch gearfallen oer ynformaasje oer Trump en de Russen – en, sa ja, wurdt ús dy dan noch te witten dien?
Dêr’t FYKt wurdt, falle spuonnen. Pickt mei iinstimming.
Deputearre & Provinciale Steaten, tacome yier te kiesen.
Hje have Teddy Gesellebear ‘n hack set om te häckeljen.
Huub Rioelpoel fon ‘e Fólkskrânte, ‘all oerset iin ‘t Friesk,
Ielke Bosk fon Rosentaal, Rozendel, Roasedell, Nijsoere.
‘n Tsjer’spel häckers uut Swietemar screwed them anal!
Digitaalkundigh. Mar up Greonterp dogge wi it mei ezel.
VoGod if Fôd, foud. Mar Geard Reve packt goadeboade.
Cyber Warlock. Leptop of knibbelreckonreau of ‘ark, juh.
Cybélé Suvelgodinne fon Frygje, gouvernante Anatoalje.
Uus Mem, Dinduumkes, Pessinjenever, Idébergh – 2018.
Wii witte nèt what wi nèt witte. De ABN etc. Krekt häckt.
Besiekië OM ‘e friezer fon RoB Wha? Sleepwet, puls’net.
Hokke bedraGGen heine hje? AiVD en Rus iin ‘e mande!
IsraELLE en Damascus, Assad en NathanJehú, sluut ek
Yahoo! Frede. Crimbergen, Ûkraine en CoBaltic ien way.
Minder OM, blinder.
Bertholee, ken ik ek net, nee. My tocht, hy sil wol ferneamd wêze by jim yn Nederlân. Nei alle tinken net in spion. 😉
Laptop like my net sa gaadlik yn it ljocht fan myn foarrige stikje. Ik kaam earne ‘skoatkompjûter’ tsjin, mar dat heart hast sa snijend as ‘tennisellebôge’ of sawathinne. Dan mar skurtekompjûter, tocht my. Kin dat net neffens dij?
Om if Friesk. ¥-grec ig gek, sandhi if Friesk.
An-tennis-eärmtacke, rais(ger)reckonreau?
Of -ark. Ordinateur. BedraGGen – iin ien nei
lêste alinéa, krekt âs fiéldslaggen, hegerup.