9. Memmetaalleafde wie heitelânferrie
-Ik haw jimme fan ‘e wike út ‘e doeken dien hoe’t it Frysk om de milenniumwiksel hinne yn ‘e lytse loege siet en hoe ienfâldich oft it foar skoallen wie en wyn har unilateraal foar it ‘ferplichte’ oerke Frysk ûnderwiis wyks wei. Dat ús memmetaal waard op ûndimmekratyske en stelselmjittige wize yn syn ûntjouwing en fuortgong behindere, mei’t it stadichoan ferwurde soe ta – sa’t Yuta dat sa opnimstich opmurk – in substraat fan it Hollânsk.
-Mar wiene der dan gjin krêften, master, dy’t dalje of tsjinwar joegen?
-Dy wiene der wol, Froukje, mar … do kinst it leauwe of net … de measte wjerstân tsjin dy foaroanmannen fan it Frysk kaam út de Fryske befolking sels wei. ‘Och, dat falt allegearre wol wat ta, ju!‘ en ‘In taal is in libben organisme, dus moat wat mei syn tiid meigean, no?‘ en mear fan sok ôfwaaid praat … Koartsein, deselde drôcharguminten as brûkt yn ‘e ‘fornorskningspolitikken‘ dêr’t Samen yn Noarwegen doedestiids sân yn ‘e eagen mei struid waard … en winliken alle brûkers fan ‘ûnwinsklike’ talen oeral op ‘e wrâld. Dat de ûntfryskingspolityk hjir yn ‘e Nederlannen wie alsa in himsels fuortsterkjend meganisme wurden. En dy’t dêr wat fan sei, waard suver weiset as ‘lânferrieder’.
-En doe feroare der wat.
-En doe feroare der gâns, Douwe! Mar do hast gelyk; wy hoege net alle faktoaren dy’t meispilen, út te iten. Lit ús ús mar beheine ta de haadsaken. Ien dêrfan wie dat it Hollânsk sels yn ‘e lytse loege rekke. En wat yn dat proses in wichtige rol spile, wie de opkomst fan online tekstginnerators.
-Online?
-Ja, sa hiet dat yn it oanbegjin fan it automatisearringstiidrek. Wy meitsje no gjin ferskeel mear tusken ferbûn (online) wêzen en net-ferbûn (offline) wêzen, mar doedestiids moasten se, at se ferbûn wêze woene, jitte mei de hiele lea efter in fysike kompjûter delploffe.
-Heden!
-Ja, it is wat! Hawar, dy dingen … dy online tekstginnerators dus … waarden fuort entûsjast brûkt fan skoalbern en studinten by it húswurk meitsjen.
-Húswurk?
-Ja, haha! Wy binne wakker bedoarn fansels, om’t wy by de berte al tsjin ûnthâldferlies yninte wurde. Dêrtroch hawwe wy no in izeren opsluting, mar doe moasten de bern de learstof thús nochris rippetearje en mei stampen yn it ûnthâld parsje. Mar de skoalopdrachten lieten se tenei útfiere troch de kompjûter. En dat wie fan dy gefolgen dat harren aktive taalfermogen hurd tebekrûn. Dat gong út ‘en fjouwerjen, is de hjitting. Dat gong sa mâl, dat der doe út ‘e gek wol sein waard dat as men witte woe hoe’t hoalebewenners yn ‘e oertiid praten, men inkeld hoegde te harkjen nei Hollânske studinten yn harren sosjale ferkear.
-Inkeld Hollânske, master?
-No ja, it Hollânske taalfermogen fan Fryske skoalbern en studinten saksearre likegoed fansels, om’t hja har by har skoalopdrachten ek betsjinnen fan tekstginnerators, mar harren Fryske taalfermogen takke net fierder ôf.
-It Hollânske al, mar it Fryske net? Hoe dat sa?
-Har rudimintêre twataligens wie harren behâld. It Frysk wie foaral in sprektaal bûten de skoalle, sjuch. Mar om’t it polityk as ‘ûnwinsklik’ beskôge waard, waard it ek net meinommen yn it ramt fan automatisearringsprojekten. Koartsein, gjin Frysk op skoalle, gjin skriuwtaal yn it offisjele ferkear, dus … alsa ek gjin automatisearre Fryske tekstginnerator.
-En dat wie fan dy gefolgen …?
-Och, dat it Hollânsk fan skoalbern en studinten sa belune dat se der net mear mei foar de kreammen lâns koene, wie net fan momintlike gefolgen, Douwe. Mar … no komt it … guon dêrfan stiene in pear jier letter sels foar de klasse. Tink ris ta … in hoalebewenner as ûnderwizer!
(-Och, wij binn’ net oars wend.)
-Mar doe wie de boat oan! De wâl keart it skip op ’t lêst. Doe joech de oant dan ta swijende mearderheid him hommels oerein en grypte nei de wapens. De duvel wie yn ’t koarn en de stiltme foar de stoarm wie oer. It begûn sa fûl te waaien dat gjin sân duvels in strie hâlde koene. En doe barste it los … de balkebrekker dy’t neitiid oantsjut wurde soe mei …
-De Fryske Stoarm!
Recente reacties