8. Stiltme foar de Stoarm

– Wy sille it hjoed hawwe oer de foarmen fan ynterferinsje dy’t wy lêsten noch net op it rabat hân hawwe …

Nee!

– Nee, Sytske?

– Ik bedoel … nee, master. Master soe it hawwe oer De Perfekte Stoarm?

– O ja, fanke? Haw ik dat tasein? No ja, in man in man …

– (… in kut in kut.)

– Net sa raar, Douwe! Do witst, jimme meie by mij yn ‘e klasse alles wol sizze, salang’t it troch de mesken kin – jimme moatte de mjitte al witte. De grins leit by – en dat witsto hiel goed – wêr´’tst klassegenoaten mei misledigje kinst.
Oars sein, jimme frij hâldt op wêr’t de eare en frijdom fan jimme meiminsken begjint. Dus hâld de foet wat by de miet – gjin seksisme by mij yn ‘e klasse! Is dat begrepen?

– (Ja, master. Myn ûntskuldigings.)

– Klear! Wêr wie ik bleaun?

– Wat is seksisme, master?

– Seksisme, Ale, is as lju yn har hâlden en dragen of yn har uterings de oare sekse deltriuwe. It komt meast fuort út in fieling fan minderweardigens.
Mar wy sille it hawwe oer De Perfekte Stoarm, ornearre Sytske niis – histoarysk bekend ûnder de term De Fryske Stoarm. Mar dy namme bliuwt in bytsje ûnder de mjitte by wat it wie – in wiere balkebrekker. It earste fearn fan de ienentweintichste iuw wurdt notiids wol oantsjut mei Stiltme foar de Stoarm.

– Wat wie dêr de oarsaak fan, master, fan dy balkebrekker?

– Dat is slim te sizzen, fanke. It wie wat in hakmak fan oarsaken, haw ik noed. Ien dêrfan wie de wjeraksel fan Friezen tsjin ûnferdraachsumens. Dy hie him al wakker útwreide en fêstset yn Amearika en krige doe ek foet oan wâl yn Jeropa. Mar diskant de Sudersee – doedestiids noch Iselmar – fûn dy nije trant net rjucht haal.

– Wat hie dat yn, master, dy ûnferdraachsumens?

– No ja, ûnferdraachsumens wie fansels al sa âld as de wrâld. Mar doe krigen de lju ynienen de mooglikens en skouderje Jan en alleman dy’t der in oare miening op nei holden. ‘Inoar blokkearje’ hiet dat doe. En no komt it … soks waard dien troch de wei fan sosjale netwurken, hahaha!

– En dêr diene se yn Fryslân net oan mei, master?

– No ja, do witst wol, Heute, dat der yn Fryslân ek lju losrinne meie dy’t wakker grut foar har ferstân binne. Der wiene hjir ek guon dy’t in oar al dom hieten as er in oare krante lies. In bytsje in ûnfryske opstelling, want Friezen fielden har oer ‘t ginneraal mei har allen skoudere – om net te sizzen ‘diskriminearre’ of ‘blokkearre’ – om’t se fuort weiset waarden as ‘nasjonalist’ of ‘lânferrieder’ at se har net ferbrekke woene. Wy hiene it niiskrekt oer seksisme, mar net oars wêze meien as jins neiste … dus net jinsels wêze meien … is ek in foarm fan diskriminaasje, no? Tink ris ta … Soe it net in grousum feal bestean wêze as alleman en wrâld gelikens wie?
Hawar, dat wie neffens my ien fan de faktoaren dy’t meispilen yn … De Stiltme foar de Stoarm.

Memmetaalleafde waard sjoen as heitelânferrie, master?

– No ja, ús skoane sprake siet dochs al yn ‘e lytse loege. It Frysk wie wat in substraat wurden fan it Hollânsk dat der yn dizze kontreien sprutsen waard.

– Krektallyk as hast tûzen jier tefoaren yn it greefskipke Hollân.

– Dêr hast de keutel by de skjinne ein, Yuta fanke!
Der waard noch al fan guon wakker krewearre foar Frysk op skoalle, dêr’t doedestiids it Hollânsk foar master opsloech. Mar dêre koene de skoallen samar foar wei, foar dat oerke wyks, at se bygelyks net in learkrêft hiene dy’t it Frysk master wie. En no binne wy hast by it kearpunt … sa stadichoan komt Simen yn ‘e broek … want op in stuit wiene der suver gjin learkrêften mear dy’t it Hollânsk noch yn ‘e bouten hiene …
Mar it is alwer by fjouweren, sjuch ik. Hoe’t it kaam dat de bern njonkelytsen har learkrêften yn taalfeardigens boppe de holle woeksen, fertel ik in oare kear.

Dit vind je misschien ook leuk...