7. In wurd in wurd

– Master, ús heit seit dat der doedestiids yn Hollân Âldnederlânsk sprutsen waard.

– Jimme heit hat folslein gelyk, Awe. Wy hawwe lêsten al fêststeld dat men ûnderskate talen ûnder de plu fan ‘it Nederlânsk’ beflapt – it Hollânsk likewol as it Frysk. Dat … Âldnederlânsk hat Âldfrysk yn, en ek Âldhollânsk.

– Ja, mar, master … ús heit sei dat it sintsje ‘Hebban olla uogala … eh …’

– ‘… nestas hagûnnan, hinase hic enda thû … uuat ûnbidan uue nû.‘ Jimme heit sei, tink, dat dat ien fan de âldste Nederlânske sintsjes is.

– Ja, master, dat sei ús heit.

– Dat is ek sa. It is de hjitting dat it fan in Flaamske muonts delskreaun is, doe’t er in nije guozzefear yn ‘e marzje fan in Latynsk hânskrift prebearre by it oerskriuwen fan de Bibel. Guozzefearren waarden doe brûkt as skriuwark, sjuch? En … as it wier is dat der yn Flaanderlân doedestiids in foarm fan Âldfrysk brûkt waard, dan soe wat jim heit seit ek wier wêze kinne … dat it ien fan de âldste sintsjes yn in Nederlânske taal is. Alteast, ien fan de âldste dy’t bewarre bleaun binne.

– En wat betsjut dat, master?

– Wat, jonge? Dat it ien fan de âldste is?

– Nee, master … wat betsjut it sintsje sels?

– O, dat is wat in ûndogenske fersrigel, benammen foar in muonts. It betsjut om ende by: ‘Hawwe alle fûgeltsjes in nestke boud, útsein do en ik? Wêr wachtsje wy no op?

– Mar der binne ommers hânskriften bewarre bleaun dy’t folle âlder binne, master.

– Dat is sa, Keimpe, mar it wiene meast Grykske of Latynske hânskriften dy’t kopiearre waarden. De Bibel wie nei it Latyn oerset, dus waard alsa oerskreaun.

– (Wêrom net eefkes skenne?)

– Dat koe doe noch net, Piter. Witte folle dingen dy’t no hiel gewoan binne, moasten doedestiids noch útfûn wurde. Mar, om op Keimpe syn opmerking werom te kommen, it Latyn wie de skriuwtaal; de Nederlânske talen waarden inkeld brûkt yn it mûnlinge ferkear.

– Wannear is dat feroare, master?

– Dat is in goede fraach, Bedr. Dat is winliken net sa hurd feroare. It Frysk is as skriuwtaal ta flecht kommen yn ‘e ienentweintichste iuw. Wêrom it Hollânsk him safolle earder ta skriuwtaal ûntwûn, wit ik net rjucht. Faaks wie it ferlet yn Hollân grutter, doe’t it ekonomyske ferkear him dêr útlei en de wyn yn ‘e rêch krige.

– Mar der waard ommers al withoelang hannel dreaun oer en om de Fryske See hinne, master?

– Hast it grutste gelyk fan de fiskmerk op in drokke dei, Liuwe. Sachs wie der yn dy lannen minder ferlet en skriuw dingen del. It biedwurd yn ‘e Fryske lannen wie altiten: In man in man, in wurd in wurd. Brek oan betrouwen yn in oar gou as brek oan betrouwen yn jinsels, sjuch. It oardiel oer jins meiminsken komt ommers fuort út it oardiel oer jinsels.

– Bedoelt master dêrmei dat Hollanners inoar in gat yn ‘e kop seagen, master, en dat dêrom alles delskreaun wurde moast?

– Dat wit ik net, Nynke. It biedwurd dêre wie al: Swart op wyt, dat is profyt. Dat is sa. Mar oft dat de oarsaak wie … of ien fan de oarsaken … dat it Hollânsk him safolle earder ta skriuwtaal ûntjûch, wit ik net. Nuver … dat ik dat noch nea yn my omgean litten haw.

– Wat brocht de omkear, master?

– De omkear, Trycke?

– Wat beskate dat it Hollânsk hommels sa slim belekke en in deade taal waard … en dat it Frysk him as skriuwtaal ynienen op wjukken joech?

– Dat hie in kuozzemuos fan oarsaken, Trycke. Men soe it De Perfekte Stoarm neame kinne. Perfekt nei ús fieling. Mar … eh, sille wy dat in oare kear op it aljemint bringe?

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. januari 21, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]