6. Opkomst en tebekgong fan it Hollânsk

– Dus it Hollânsk ûntstie boppe op it Frysk dat der oant dan ta yn it greefskip Hollân praat waard? Hoe giet soks yn syn wurk, master?

– Dat gong doedestiids noch wakker stadich, Trycke, troch de wei fan ynterferinsje. Ynterferinsje is ûnderlinge beynfloeding, yn dut gefal fan talen. As de measte lju in útdrukking út in oare taal oernimme, wurdt soks gewoan … en rillegau de nije noarm.

– Wannear is dat begûn, master?

– It is feitliken fan alle tiden, Anneke. Mar it gong yn it Fryske gea dat Hollân hiet en dêr’t doedestiids in foarm fan Âldfrysk sprutsen waard, earst goed fan ‘e streek yn ‘e earste iuwen fan it foarige milennium … wreide him doe in pear hûndert jier letter út nei West-Fryslân en – mei ferrin fan tiid – nei Flaanderlân en alle Nederlannen.

– Fryslân dêrby ynbegrepen, master?

– Fryslân dêrby ynbegrepen, Nynke. Dat proses is pas yn it earstoan fan dut milennium opkeard en mei stoom en staasje tebekrôle.

– Moatte wy begripe dat der foartiid yn ús Fryske lân gewoan Hollânsk praat waard, master?

– Ja, fanke, fan ‘e alderein al teminsten. Hja hiene nea gjin Frysk op skoalle hân, sjuch, sa as jimme en jim âldelju dat al krije en krigen. Hja hiene it Frysk meast noch wol fan hûs út meikrige, mar der wie gjin kearensein mear oan doe’t alleman him yn de twadde helte fan ‘e tweintichste iuw de earen hingje liet nei de taal dy’t systematysk útrôle waard, mei help fan ynterferinsje … ynfloed dus … fan ‘e media, dy’t allegearre Hollânsk wiene, sjuch. It iennichst Fryske wie harren tongslach noch … It wie dus Hollânsk mei in Frysk sauske, hahaha!

– Wat in tryste beweging!

– Hast gelyk, Ayup, it is winliken net om om te laitsjen. Myn ûntskuldigings! Tryst, ja. Der wie wol beweging, mar it wie net earlik in Fryske beweging. Lokkigernôch joech him yn it twadde fearn fan ‘e ienentweintichste iuw in ginneraasje oerein dy’t wat stiver yn ‘e ankels wie.

– Kin master dêr foarbylden fan jaan, master … fan dy ynterferinsje … fan hoe’t de iene taal de oare beynfloedet?

– Jawis, kin ik dat. Wy begjinne in sin bygelyks leaver net mei in ferhâldingswurd. Mar it is de hjitting dat Hollanners dat om it hurtsje diene. In sintsje as ‘Sokke dingen praat men net oer!’ waard ‘Oer sokke dingen praat men net.’ Dat is in foarbyld fan beynfloeding fan de wurdfolchoarder of – oars sein – in foarbyld fan syntaktyske ynterferinsje. De oarder fan de tiidwurden feroare alsa. Wy sizze fan ‘Hy is sitten bleaun.’ Hollanners seine sa’t skynt ‘Hy is bliuwe sitten’ … of sawathinne.

– Dy oarder bleau it net by, tink.

– Och heden, nee, Doede. It gong folle fierder. Gânse wurden waarden feroare. Ik wit net wat it Hollânske wurd wie, mar wy hiene ynienen gjin ‘earmtakken’ mear. We koene ek al net mear ‘pisje’. Dêr kamen oare wurden foar yn it plak en dat hjit leksikale ynterferinsje. En as dêrtaboppe klank en foarm fan in wurd feroarje, prate wy fan fono- en morfologyske ynterferinsje.

– Hat master dêr ek foarbylden fan, master?

– Ik haw it Hollânsk net yn ‘e macht, Nynke. It is ek hast in deade taal, no? Mar in foarbyld fan morfologyske ynterferinsje wie it feroarjen fan diminutiven, oftewol ferlytsingswurden. ‘Bekerke’ waard ‘bekertsje.’ Guon lidwurden feroaren allyksa. ‘It wang’ waard ‘de wang.’ Fonologyske beynfloeding sit him – it wurd seit it al – mear oan ‘e klank. Wy sizze fan ‘man’, ‘fan’ en ‘Jan’, mar dy wurden waarden doedestiids wat langer wat mear mei de a fan ‘apart’ útsprutsen.

– Wat apart!

– Hiel apart!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. januari 18, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]