Buorfrou Sytske

Sûnt buorfrou Sytske beskaat hat dat se der op tidigje kin dat ik swij as in balstien oer alles wat wy beprate, wurd ik gauris útnoege foar in bakje …
It tillefoan giet.
– Tee? Jawis, ik kom deroan, buorfrou.
Och, de ferverij sit my hjoed dochs oan ’e hannen fêst.

– En noch berichten fan jim Yt, freegje ik fleurich as ik oan ’e tafel sko.
It bliuwt stil. Hoe ha wy it no? Dat wie myn meast wisse iepeningsset. Buorfrou har hân is wat trilderich, as se in skepke sûker nimt; se byt har op ’e lippe.
Heden! Betink hurd wat oars, man!
– Ik haw yn gjin seis wike wat heard, seit se sêft. Ornaris hie ik sels al skille, lykas seis wike werom… Mar, ik wol no ris sjen …
Buorfrou slacht de eagen del, riert wat gysten yn har tee om.

– Ik haw jo dat noait ferteld, mar doe’t myn man stoar, wie ik folslein fan it sintrum; noait in kear hie ik der op sind dat ik allinnich oerbliuwe soe. Ik soe in setsje by ús Yt bliuwe en kom wat by myn sûp en stút. Mar de deis nei de beïerdiging al sei se dat ik oppakke moast; want it wie de baas, sei se, en wen sa gau as it mar wat koe oan it allinnich wêzen. Ik wie ferslein. Ik haw neat sein, ik haw myn spullen krige en ik bin ôfset.

Buorfrou swijt, de Fryske klok tikket.
Ik kin goed neikomme hoe’t se har doe field hat; it besleur dat men folslein allinnich is as it der op oankomt, efterhellet ús ier of let allegear.

– Krysttyd allinnich soarge ik tsjinoan as de duvel tsjin ’e dei, mar aldergeloks noege ús Yt my út en kom by har …
Buorfrou skoot it skûteltsje nei my ta en ik nim braaf in koekje.
– It wie krystjûn. Ik hie de pronk oan. Want ik hie út harren praat begrepen, dat wy út te iten soene. Mar, doe’t se út har wurk kamen, ferstrûpten se har, rôpen dat der fan alles wol yn ’e kuolkast stie en fuort wiene se! Ik bleau benefter mei dy twa doggen fan harren, dêr’t ik bang fan bin. Dat wie myn alderearste krysttiid allinnich …

Buorfrou Sytske swijt, ik swij. In mem fielt djip. Ik lis de hân sûnder der by nei te tinken efkes op harres, dy’t blau-ierich en kwetsber op ’e tafel leit. Wat in suertsje bin ik bytiden; hastich lûk ik de hân tebek. Hja glimket.

– De krysttiid dêrnei waard ik op ’en nij útnoege. Us Yt har man siet om it wurk yn it bûtenlân; dat hja wie allinne. Ik der wer hinne …
Buorfrou sjucht my helpleas oan, suver ûntskuldigjend. Ik bliuw yn ’e fâlden; ik kin it my ommers wol begripe.
Buorfrou kriget de treppot fan it ljochtsje en skinkt yn.

– Ik hie my yntocht noflike dagen te hawwen. Mar op krystjûn tôge se in pûdfol crackers en in dracht cd’s nei har keamer en ik bleau op ’en nij benefter, mei it tillefyzje en dy twa doggen … dêr’t ik bang fan bin.
Harrejasses! Ik wurd suver ûnwennich fan ’e ferhalen oer sjerp en hunich – oer har dochters bloarrejierren en oer de wille dy’t se tegearre hiene at se har man silger foar de kroade rieden.
– Se joech neat om krysttiid, sei ús Yt neitiid. Dat hat de lêste kear west dat ik har sjoen haw, acht jier lyn no. Wy skilje al alle wiken. Dat is, ik skilje. Mar dat doch ik net mear. Ik wol ris sjen no …

– Gjin tynge goede tynge, sykje ik om in heger register.
Buorfrou glimket op ’en nij, fertrietlik. Ik fiel in weeë pine fan binnen.
– Mar wêrom just no ynienen, ferbrek ik lang om let de stiltme, nei al dy jierren?
Se langet my in brief oer en meneuvelet dat ik lêze moat.
– Dat is in jieropjefte, sis ik, in spesifikaasje fan jo pinsjoen …
– It nuvere is, seit buorfrou, soksoarte dingen wurde ornaris oan ús Yt tastjoerd. Mar wat noch folle nuverder is …
Se slokt in kear twa, oft se moed sammelje moat.
– … ik haw dêr noch net de helte fan bard!

Hurd jou ik har de brief werom.
Dat wit ik net, hear! De koartste klap is en freegje by de bank …
– Dêr ha ’k al west, falt buorfrou my yn it wurd. Dêr die bliken, dat ik twa bankrekkens haw. Dat wist ik net iens; dat moat ús Yt sa regele hawwe.
Ik lûk oan ‘e skouders. As it oer jild giet of oare dingen dêr’t ik gjin doel oer haw, krij ik it altyd op ’e simmels.
– Ik haw fan ús Yt in paske krige, sjuch, doe’t myn man der net mear wie. Sadat ik jild opnimme kin. Mar dat paske, docht no bliken, is net fan ‘e rekken dêr’t myn widdopinsjoen op stoart wurdt …
Ik sjuch buorfrou helpleas oan; ik bin folslein op ’e doele.

– Myn pinsjoen komt op ‘e iene rekken, hat de bank my fan ’e wike ferdútst. En hast de helte dêrfan wurdt alle moannen oermakke op ‘e rekken dêr’t ik bykomme kin, mei dat paske.
Der begjint my no wat te skimerjen, fan wat se my fertelle wol.
– En wêr bedarret de oare helte, hear ik mysels freegjen.
– Dy oare helte wurdt hieltyd fan ús Yt opnommen, ha se my ferteld. Ik haw ús Yt destiids machtige, sa’t it skynt, doe’t myn man der net mear wie. Dat se by myn rekken komme koe, sjuch, om’t iksels gjin doel haw oer jildsaken …

It bliuwt in skoftke stil. Buorfrou Sytske is, sa’t it liket, yn ’e memoarjes wei. Dan ynienen sjucht se my tantsjend oan, oft ik der mear fan witte soe.
– Wêr binne hja yn ’e goedichheid safolle jild foar fanneden? Se fertsjinje beide ommers in goed stik brea!?
– Ik soe it net witte, buorfrou.
Hoe wie dat sechje ek mar wer? Minsken meitsje falsk jild … en jild makket falske minsken … Sokssawat wie it, leau ik.
– Nee, dat begryp ik wol. Dat kinne jo ommers ek net witte.
In hiele ferromming!
Mar ik bin te betiid mei myn jûchhei; buorfrou har slotakkoard bringt my fuort wer yn ’e niten…
– Mar, wat ik jo freegje woe is dit: Hoe moat ik dêr no mei!?

Dit vind je misschien ook leuk...

7 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Beriochten? Nea, noait? Hedon, Eden … 3 los alltiten.
    ‘n Tillefoan, de tillefoan. De tilleviizje en de radio, hin.
    ‘n Mem fielt. Buorfrou jit iin, yiétte, nèt skinke by uus.
    ‘t Op ‘e simmels krije. Dêre hast se wer. Tempting of
    tântsjend. ‘n Hiele ferromming! Slot-akkoart is mei -t.
    What ik jo freegje woe,(comma) id dit: ‘n apostroffe?

  2. Jaap Slager schreef:

    […] Beppe stiet al yn ‘e doar
    Mei in moai wyt skelkje foar
    En hja seit: Kom der mar yn,
    Dan SKINKE wy ris lekker yn”

    Sa einige Hop hop hynke by ús.
    En by jim?

  3. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Dât ein is mi nèt bekind. Niinke fon Hichtem?
    Simke Kloastermân? Mar ‘n skinke by begjin:
    H.h.h. ney Ljouwert om ‘n skinke. (!)
    Ney Snitch om ‘n white brea’.
    Jaye w’ alle hiinders dea’.
    Jim Mem id de Noàrm. Buorfrau akkoart.
    De/t tv. De radio. Hedonisme. Apostrof ‘n.

  4. Jaap Slager schreef:

    Ik eanje, dat dingen dy’t fabrykmjittich fan ‘e bân rôle wiene, by ús thús destiids net in siel taskreaun waard. Dêrfandinne, tink, dat wy IT tillefyzje, IT radio en IT tillefoan seine. Soe dat net kinne, in familiaal idiolekt?
    Moat dij oansprekke. 😉

    Ik hie earst slotakkoarT, moat ik bekenne. Mar doe rieplachte ik de digitale ferzje fan it Frysk Hânwurdboek, dat my okkerwyks fan Sytze trochdien wie, en dêr stie yn: slotakkoard/slútakkoard
    Dat, ja, sis it mar!

  5. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Jaye w’ alle happen dea. (èk ‘n hap iin ‘e moele)
    Hânnwördbook giét stillway uut fon accoarden.
    Upstalsboom, hoefstal is ‘t toestel iin EWvDale.
    ‘t Tastell, ‘t-ûstil, outillage, in-utile, use or loose.
    ‘t Studint woàrd om 1970 woll sain universitair.
    ‘n idiolect fon jim Mem of ‘t geheim fon ‘e smid.

  6. Jaap Slager schreef:

    Dat sil it west hawwe – IT tillevyzje-, radio-, tillefoanTASTEL. Tastel falt derôf yn ‘e uterlike wurdfoarm, IT bliuwt oer. Sa moat it gien wêze. Goed sjoen!

  7. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Dit (-)tastel by radio, tv stie all iin myn earste réaksje up dy.
    Tiege tank foàr akkoarD uut Hânnwördbook.