4. Skythúspapier
– Do fregest okkerdeis, Hawa, wat in krante wie, en wat in tillefyzje. At ik jimme úttsjut wat in tillefyzje wie, dan skuorre jimme jim grif de bûsen út fan wille. Dat ik woe dy ferklearring mar efkes nei de ein fan de les weilizze, at wy it dan noch oan tiid hawwe. Lit ús mar begjinne mei de krante. Wa wit wat papier is?
– Dat is in witte tin, fezelich en wyt materiaal, dat yn it skiere ferline brûkt waard om op te skriuwen of tekst op te drukken. En dat drukken of skriuwen waard mei inket dien.
– Ik hie it net better sizze kinnen, Trycke! Hat eltsenien dêr byld by? … Ik sjuch guon fan nee skodzjen. Lit ús mar efkes nei it museum gean … Dizze fitrine sjugge jim in foarbyld fan in boek yn lizzen, in tsjûke bundel papier mei lêzen derop. En dizze útstalkast leit in lyts bundeltsje papier yn. En dat neamden se doedestiids in krante. Kranten waarden alle dagen drukt en by de minsken thús besoarge, mei’t se op ‘e hichte bleauwen fan it lêste nijs …
– Wat in omslachtige drokte, sis! Men kin ommers mei ien ferweech …
– Ja, dat is op it heden sa, Bèdr. Der hat lykwols in tiid west dat der in tige grut ferskeel wie tusken de firtuele realiteit en it werklike bestean.
– Ik sjuch it ferskeel net.
– Dat komt, Ulbe, om’t it foar jimme wakker gewoan wurden is en stap fan ‘e iene tastân yn ‘e oare. Jim aura is no ynskeakele mei’t jim lichem salang beskerme is foar ynfloeden fan bûten ôf, wylst jimme firtueel by my yn ‘e klasse binne … no ja, no efkes yn it museum. Der hat lykwols in tiid west, hiel lang ferlyn, dat bern alle dagen fysyk nei skoalle ta reizgen.
– Nee, wol? Wat in omslachtige drokte om neat!
– Neam dat mar neat, Douwe! As men net leart, jout dat stilstân. En stilstân …
– … is tebekgong. Ja, dat wit ik no wol. (Sa’n geseur.)
– Net te bot, Douwe … in bytsje respekt foarinoar oer!
– Myn ûntskuldigings, master.
– Klear! Dus dit is no in foarbyld fan in krante, Hawa. Fysike eksimplaren mei it lêste nijs waarden alle dagen ferspraat troch gâns Fryslân en hûs oan hûs besoarge. Dizze hiet Ljouwerter, stiet der op it buordsje.
– Skythúspapier stiet der ek op.
– Ja, Douwe, dat wie de bynamme, sa’t skynt.
– Dêrom net, der stiet mei fette printletters in hiel oare namme op ‘e krante sels … Lu… Lee…
– Ik wit ek net, Hawa, hoe’tst dat útsprekke moatst. It is Hollânsk, sjuch? Ik haw jimme juster ommers al ferteld dat de hearskjende klasse yn Hollân doedestiids alle writen die en triuw de oare talen yn de Nederlannen del.
– In minderheid, master, dy’t de mearderheid de mûle stoppe?
– No ja, in minderheid … in minderheid? Dy minderheid hie tewille trawanten ûnder de mearderheid, hear. En de Ljouwerter wie in wichtige …
– … Benedict Arnold!
– Tige, Trycke! Dy namme hasto goed ûntholden, jonge! Do hast wierlik in kop as in almenak. Ja, sa kin men dat wol sizze, ja … de Ljouwerter wie in Benedict Arnold.
– Skythúspapier!
– Ja, Douwe, haha, yn ‘e beneaming wie de Ljouwerter it papier net wurdich dêr’t er op drukt waard. En hoe giet soks – dêr binne eksimpels by de roes fan yn ‘e wrâldskiednis: wa’t him sels ferheget, dy sil deltreaun wurde.
– En … wa’t in oar de mûle teammet, sil oer de bek slein wurde!
– Hahaha! Do kinst it moai opsizze, Bèdr. Krekt! Sa giet it ornaris!
En sa is it mei de hearskjende klasse yn Hollân en syn … eh, skythúspapier dus ek gongen. De Ljouwerter gong om in luchje nei de revolte yn de earste helte fan ‘e ienentweintichste iuw en is – om it samar te sizzen – nei de opstân net wer opstien, hahaha! … O, kinne jimme dêr net om laitsje? No, toe dan mar!
Hawar, om it ferhaal mar efkes ôf te breidzjen foar’t it fjouwer oere is, de wierlik Fryske kranten sloegen de hannen gear en hawwe doe in bêste gisel makke.
Ensafh, Nij Frisia en De Moanne bygelyks foarmen de kulturele katerns by It Nijs, dat jim allegearre kenne – allinnich … net mear as papieren krante fansels, mar … yn oare foarm de grutste nijsboarne fan Fryslân … en in wichtige ynformaasjebank yn Jeropa.
1 reactie
[…] fierder by Jaap […]